Springe nei ynhâld

Frederikssund (gemeente)

Ut Wikipedy
Frederikssund
flaggewapen
lokaasje
polityk
lân Denemark
regioHaadstêd
boargemasterJohn Schmidt Andersen
sifers en geografy
haadplakFrederikssund
grutste plakFrederikssund
ynwennertal45.189 (2018)
oerflak250,61 km²
skiednis
oprjochte2007
oar
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
websidewww.frederikssund.dk

Frederikssund is in gemeente yn Nordsjælland yn de regio Haadstêd (Deensk: Region Hovedstaden) yn Denemark.

De gemeente waard by de weryndieling fan 2007 foarme en ûntstie troch gearfoeging fan de eardere gemeentes:

  • gemeente Frederikssund
  • gemeente Slangerup (sûnder Uvelse)
  • gemeente Skibby
  • gemeente Jægerspris

It doedestiidsk yn de gemeente Slangerup lizzende Uvelse Valgdistrikt stimde op 15 jannewaris 2005 yn in referindum yn mearderheid (56,9%) foar oansluting by de gemeente Hillerød. It referindum bleau ynearsten sûnder gefolgen om't de gemeente Slangerup in mearderheid fan 75% easke. Lykwols kamen de partijen oerien in nij referindum út te skriuwen mei it prinsipe fan in gewoane mearderheid. De stimming fûn op 26 april 2005 plak en 54,6% keas op 'e nij foar Hillerød.

Grutste plakken yn de gemeente
NrPlaknammeYnwenners (2014)
1Frederikssund16.016
2Slangerup6.801
3Jægerspris4.099
4Skibby3.129
5Græse Bakkeby2.337
6Skuldelev939
7Kulhuse918
8Gerlev773
9Store Rørbæk578
10Over Dråby Strand419


Boarnen, noaten en/as referinsjes: