Franz Marc
Appearance
Franz Marc | ||
keunstner | ||
Franz Marc (1910) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Dútsk | |
berne | 8 febrewaris 1880 | |
berteplak | München | |
stoarn | 4 maart 1916 (36 jier) | |
stjerplak | Braquis | |
etnisiteit | Beiersk dútsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | keunstskilder, tekener, grafikus | |
streaming | Ekspresjonisme |
Franz Marc (München, 8 febrewaris 1880 – Braquis, ûnder Ferdun, 4 maart 1916) wie in Dútsk ekspresjonistysk keunstskilder, tekener en graveur.
Marc lei him foar alles ta op bisteportretten, wêrby't er no net drekt de úterlike ferskiningsfoarm, mar wol de ynderlike essinsje fan it bist besiket te begripen. Dêrby spile de troch him betochte kleuresymbolyk in grutte rol. Bygelyks blau stie by him foar it "it manlik prinsipe, steech en geastlik" en giel foar "it froulik prinsipe, sêft, fleurich en sinlikheid". Under ynvloed fan it kubisme ferienfâldige er de foarmen ek sterk. Dêrtroch hingje syn skilderijen hieltyd mear oer nei it abstrakte. Syk lêste wurk ferwiist dúdlik nei de wiere útdrukkingskrêft fan it abstrakte ekspresjonisme.
Biografysk gegevens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Berne op 8 febrewaris 1880 yn München.
- Yn 1900 wurdt er learling oan de Münchenske Keunstakademy, nei't er ophâlden wie mei syn stúdzje filosofy en teology. Ek mei dy nije stúdzje stoppet er al gau, om't er ek dêrmei gjin nije ynspiraasje opdwaan kinme.
- Tusken 1903 en 1907 wennet en wurket er yn Parys, dêr't er ûnder mear âlde masters bestudearret yn it Louvre.
- Yn 1907 boasket er oan Marie Schnür. It houlik rint lykwols rillegau op 'e non.
- Yn 1910 kriget er kunde oan de lyksinnige skilder August Macke, mei wa't er rillegau goefreon wurdt en in yntinsive briefwikseling oer harren keunst fiert. Macke bringt him yn as lid fan de Neue Künstlervereinigung München.
- Yn 1911 kriget er kunde oan Wassily Kandinsky, mei wa't er in skoftke letter de Blaue Reiter oprjochtet en it tydskrift 'de Almanak' begjint. Hy troude fannijs mei Maria Franck.
- Yn augustus 1914 wurdt er oarlochsfrijwilliger. Hy moast kamûflaazjedoeken skilderje. Hy rekke al gau desyllúsjonearre oer de oarloch.
- Op 4 maart 1916 wurdt er op patrûlje rekke troch in granaat en stjert.
Wichtichste ynvloeden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Jean Bloé Niestlé
- Vincent van Gogh
- Paul Gauguin
- Wassily Kandinsky
- Paul Cézanne
- Henri Matisse
- August Macke
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Die gelbe Kuh, De giele ko (1911)
-
Fuchs, Foks (1911)
-
Rehe im Wald I, Hart yn de bosk I (1913)
-
Liegender Hund im Schnee, Hûn lizzend yn de snie (1910–11)
-
Die kleinen blauen Pferde, De lytse blauwe hynders (1911)
-
Akte unter Bäumen, Neakens ûnder beammen (1911)
-
Roter Stier, Reade bolle (1912)
-
Der Traum, De Dream (1912)
-
Das Äffchen, It aapke (1912)
-
Affenfries, Monkey Frieze (1911)
-
Füchse, Foksen (1913)
-
Im Regen, Yn de rein (1912)
-
Der Tiger, De Tiger (1912)
-
Der Turm der blauen Pferde,
De toer fan 'e blauwe hynders (1913),
mist sûnt 1945 -
Tierschicksale, Lot fan de bisten (1913)
-
Landschaft mit Haus, Hund und Rind, Lânskip mei hûs, hûn en fee (1914)
-
Tiere in der Landschaft, Bisten yn in lânskip (1914)
-
Träumendes Pferd, Dreamend hynder (1913), Solomon R. Guggenheim Museum, New York
-
Der Stier, De bolle (1911), Solomon R. Guggenheim Museum, New York
-
Wildschweine am Wasser, Wylde bargen yn it wetter (1910–11), Solomon R. Guggenheim Museum, New York
-
Knabe mit Lamm; Der gute Hirte, Jonge mei laam; De Goede Harder (1911), Solomon R. Guggenheim Museum, New York
-
Eidechsen, Hagedissen (1912), Solomon R. Guggenheim Museum, New York
-
Zwei liegende Rehe, Twalizzende harten (1912–13), Solomon R. Guggenheim Museum, New York
-
Grünes Pferd in Landschaft, Grien hynder yn lânskip (1912), Solomon R. Guggenheim Museum, New York
-
Tiger im Dschungel, Tiger yn de wyldernis (1912-1913), Solomon R. Guggenheim Museum, New York
-
Schlafende Hirtin, Sliepende harderin (1912), Solomon R. Guggenheim Museum, New York
-
Zwei blaue Pferde, Twa blauwe hynders (1913), Solomon R. Guggenheim Museum, New York
-
Zwei Wölfe, Twa Wolven (1913), Solomon R. Guggenheim Museum, New York
-
Zwei Esel, Twa ezels (1914), Solomon R. Guggenheim Museum, New York
-
Löwenjagd nach Delacroix, Liuwejacht nei Delacroix (1913), Solomon R. Guggenheim Museum, New York
-
Rotes Reh, Read Hart (1913), Solomon R. Guggenheim Museum, New York
-
St. Julien l'Hospitalier, (1913), Solomon R. Guggenheim Museum, New York
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Franz-Marc-Museum
- Artcylopedia: oer Franz Marc
- Kunstaspekte
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|