Frâns Ferdinand fan Eastenryk
Frâns Ferdinand (Dútsk: Franz Ferdinand) (Graz, 18 july 1863 – Sarajevo, 28 juny 1914), aartshartoch fan Eastenryk-Este, wie kroanprins fan Eastenryk.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Frâns Ferdinand wie de soan fan aartshartoch Karel Loadewyk fan Eastenryk en Maria Annunciata fan Bourbon-Sisylje. Hy wie in neef fan keizer Frâns Joazef en waard nei de selsmoard fan kroanprins Rudolf en nei de dea fan syn heit troanopfolger fan Eastenryk-Hongarije. Hy wie in kâld, hurd en despoatysk man. Hy glimke hast net, hie in typyske kâlde stoarjende blik en rûn oerdreaun eptich.
Hy samle antyk en hie in roazetún. Syn grutste leafhawwerij wie lykwols de jacht. Op jacht mei de Dútske keizer Wilhelm II skeat hy ris 59 swinen en wie dûm dat de sechtichste him ûntkomd wie. Syn rol by de jacht wie benammen it oerheljen fan de trekker út in stoel wei. Personiel dreau de bisten by him foarby, wylst oaren de kadavers ôffierden en wer oaren laden gewearen oanrikten. Yn it jachtslot Konopište by Benešov yn Tsjechje, dêr't hy in grut part fan syn libben tahâlde, binne op de muorren fan in soad fertrekken nog altiten tûzenen krekt dokumintearre jachttrofeeën fan oer de heule wrâld te sjen. Dêrûnder ek de opsette kop fan it earste bist dat syn dochter skeat, doe't hja twa jier wie.
Frâns Ferdinand boaske op 1 july 1900 ûnder syn stân mei grevinne Sofie Chotek. De keizerlike famylje stie it houlik pas ta neidat oerienkomd wie dat Sofie gjin keninklike status krije soe en eventuele bern gjin oanspraak op de troan meitsje soene (in morganatysk houlik). Frâns Joazef wie net by it houlik.
Op 28 juny 1914 waard hy yn Sarajevo (Bosnje en Herzegovina) mei in FN Model 1910-pistoal deasketten troch Gavrilo Princip, wylst hy in rûnrit makke yn in Gräf & Stift (sjoch ek: moard op Frâns Ferdinand). De oanslach wie nei alle gedachten beraamd troch De Swarte Hân, in geheime nasjonalistyske Servyske groepearring. 28 juny is as tinkdei fan de Slach op it Merelfjild in spesjale dei foar de Súd-Slaven. Nei oanlieding fan dizze moard ferklearre Eastenryk de oarloch oan Servje. Dizze barrens waarden brûkt as oanlieding ta de Earste Wrâldoarloch, al leine de oarsaken dêrfan earne oars.
Bern
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Frâns Ferdinand en Sofie krigen trije bern:
- Sofie (1901-1990)
- Maksimiliaan (1902-1962)
- Ernst (1904-1954)
Foarâlden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foarâlden fan Frâns Ferdinand fan Eastenryk | ||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Oerpakes en oerbeppes | Frâns II fan it Hillige Roomske Ryk (1768-1835) ∞ 1790 Marije Teresia fan Boerbon-Sisylje (1772-1807) |
Maksimiliaan I Joazef fan Beieren (1756–1825) ∞ 1797 Karoline fan Baden (1776-1841) |
Frâns I fan de Beide Sisyljes (1777–1830) ∞ 1802 Marije Isabella fan Boerbon (1789-1848) |
Karel fan Eastenryk-Teschen (1771-1847) ∞ 1815 Henriëtte fan Nassau-Weilburg (1797-1829) | ||||
Pakes en beppes | Frâns Karel fan Eastenryk (1802-1878) ∞ 1824 Sofy fan Beieren (1805-1872) |
Ferdinand II fan de Beide Sisyljes (1810–1859) ∞ 1815 Teresia fan Eastenryk (1816-1867) | ||||||
Alden | Karel Lodewyk fan Eastenryk (1833-1896) ∞ Marije Annunsiata fan Boerbon-Sisylje (1843-1871) | |||||||
'Frâns Ferdinand fan Eastenryk (1863-1914)' |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Archduke Franz Ferdinand of Austria fan Wikimedia Commons. |
- Eastenrykske adel
- Aartshartoch fan Eastenryk
- Eastenryksk generaal
- Eastenryksk admiraal
- Eastenryksk misdieslachtoffer
- Persoan dy't omkommen is by in moardoanslach
- Eastenryksk persoan fan Dútsk komôf
- Eastenryksk persoan fan Italjaansk komôf
- Eastenryksk persoan fan Spaansk komôf
- Persoan fan Napolitaansk komôf
- Eastenryk-Hongarije yn de Earste Wrâldkriich
- Persoan berne yn 1863
- Persoan stoarn yn 1914