Frans Sijtsma
Frans Sijtsma (Ealsum, 2 july 1899 – gemeente Ommen, 8 oktober 1994) wie in Nederlânsk politikus fan Frysk komôf út namme fan de ARP.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy waard berne as soan fan Syds Lieuwes Sijtsma (1868-1939; lânbouwer fan Eanjum) en Sidonia Catharina Miedema (1870-1953). Syn heit wie fan 1904 oant 1934 boargemaster fan East-Dongeradiel en teffens Earste Keamerlid.
Frans Sijtsma begûn syn amtlik wurkpaad as folontêr by de gemeente East-Dongeradiel en yn 1922 gie er oan de gong by de gemeentesekretary fan Baarderadiel. Fan begjin 1924 ôf wie er amtner by de gemeente Ommen. Goed tsien jier letter folge er syn heit op as boargemaster fan East-Dongeradiel. Yn novimber 1940 waard er net fannijs beneamd fanwege skeel mei de Dútske besetter en krige East-Dongeradiel op 24 april 1941 in NSB'er as boargemaster, Auke IJkema[1]. Nei de befrijing yn 1945 kaam Sijtsma werom yn syn âlde fuksje.
Hy gie yn 1964 mei pensjoen en stoar yn 1994 yn de âldens fan 95 jier. Hy waard te hôf brocht yn Ommen.
Sijtsmas pleechsoan Louw de Jager kaam yn 1961 lanlik yn it nijs doe't er by in spionaazjemissy foar de Bûtenlânske Ynljochtingetsjinst (BID) yn de Sovjet-Uny arrestearre en letter feroardiele waard.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |