Springe nei ynhâld

Frans Helfrich

Ut Wikipedy
Frans Helfrich
keatser
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 20 febrewaris 1920
berteplak Winaam
stjerdatum 7 septimber 2010
stjerplak Harns
etnisiteit Frysk
sportive ynfo
sport Keatsen
PC PC 1942,
PC 1947,
PC 1952,
PC 1953
ekstra Klaverke Fjouwer

Frans Helfrich (Winaam, 20 febrewaris 1920 - Harns, 7 septimber 2010)[1] wie in keatsleginde. Helfrich wie in soan fan Piet Helfrich, dy't twa kear de PC wûn. Helfrich wie yn de jierren '40 en begjin jierren '50 fan de 20e iuw in ferneamd keatser. Sa wûn hy ûnder oare fjouwer kear de PC; dat wie yn 1942, 1947, 1952 en yn 1953. Benammen de oerwinning yn kriichstiid yn 1942 hat in legindaryske west. It partoer fan Helfrich keatste doe yn oranje klean. Helfrich is ien fan de tolve keatsers dy't it slagge om it Klaverke Fjouwer te winnen.

Helfrich stoar op 7 septimber 2010 oan de gefolgen fan kanker.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Artikel oer it ferstjerren fan Frans Helfrich
  2. Keatsleginde Frans Helfrich ferstoarn , Ljouwerter Krante (sjoen op 8 septimber 2010)