Franklin D. Roosevelt Airport
Franklin D. Roosevelt Airport | |
---|---|
Basisynformaasje | |
Namme | Franklin D. Roosevelt Airport |
Lokaasje | Sint-Eustasius, |
Status | Iepen |
Hichte boppe de
seespegel |
39 meter |
Lingte lâningsbaan | 1.300 meter |
Undergrûn | Tarre |
Koördinaten | 17°29′47″N
062°58′45″W |
It Franklin D. Roosevelt Airport, ferneamd nei Franklin D. Roosevelt, is it iennichste fleanfjild op Sint-Eustasius, in eilân dat ta Karibysk Nederlân heart. Op it stuit wurde der allinnich mar kommersjelen flechten dien mei lytse fleantúgen, dochs kin de lâningsbaan ek gruttere fleantúgen oan.
Mooglik wurdt de lâningsbaan yn de takomst útwreide mei sa’n 300 meter. Hjirmei wol de pleatslike oerheid it toerisme op it eilân stimulearje.
It fleanfjild is ferneamd nei Franklin Delano Roosevelt, in Amerikaanske presidint mei Nederlânske foarâlden. Yn 1939 bea er it eilân in plakette oan út tankberens foar de 'First Salute', de earste offisjele begroeting fan de flagge fan de himsels krekt ûnôfhinklik ferklearre Feriene Steaten. Dat barde op Sint Eustatius yn 1776. Leden fan de famylje Roosevelt libben yn de 18de iuw op Sint Eustatius en hiene besittingen op it eilân.