Springe nei ynhâld

Frjentsjerter Krante

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Franeker Courant)
Frjentsjerter Krante
Franeker Courant
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
taal Nederlânsk
sjenre streekblêd
frekwinsje 1x yn 'e wike
bestean 1786 – no
plak haadred. Frjentsjer (Fryslân)
útjouwer NDC Mediagroep
offisjele webside
www.franekercourant.nl

De Frjentsjerter Krante (Nederlânsk en offisjeel: Franeker Courant) is in Nederlânsktalige krante dy't fergees as hûs-oan-hûsblêd ferspraat wurdt yn Frjentsjer en omlizzende dielen fan noardwestlik Fryslân.[1] It blêd waard yn 1786[1] oprjochte en wie oarspronklik in 'echte' krante, hoewol't it al foàr de Twadde Wrâldoarloch fergees hûs oan hûs besoarge waard. Yn oktober 1981 is it Frjentsjerter Nijsblêd yn 'e Frjentsjerter Krante opgien, en om 1983 hinne ek it Harnzer Nijsblêd.[2]

Tsjintwurdich is de Frjentsjerter Krante in publikaasje fan 'e NDC Mediagroep,[1] krekt as û.m. de Ljouwerter Krante. It blêd berjochtet oer nijs, kultuer en sport yn it ferspriedingsgebiet, wêrby't benammen in protte oandacht skonken wurdt oan 'e stêd Frjentsjer sels. De rest fan it ferspriedingsgebiet beslacht de gemeenten De Waadhoeke en Harns. Sûnt 1 jannewaris 2018 wurde ek de offisjele meidielings fan gemeente De Waadhoeke yn 'e krante publisearre.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 Franeker Courant, 23 maaie 2018, jg. 232, wike 21, s. 1.
  2. Krantekatalogus fan 'e Keninklike Bibleteek.