Fort Duijnhoop

Ut Wikipedy
Plan van de redout Duynhoop, 1654

Fort Duijnhoop wie de earste Nederlânske delsetting op Kaap de Goeie Hope. It fort wie fjouwerkant en stie oan de Tafelbaai yn it hjoeddeiske Súd-Afrika. De Feriene Eastyndyske Kompanjy woe in ferfarskingsstasjon op it plak ha, it moast de Nederlânske skippen dy’t tusken Nederlân en Nederlânsk-Ynje farden fan farsk iten en drinken foarsjen. It fort wie makke fan klaai en hout en moast it ferfarskingsstasjon beskermje. Uteinlik soe de delsetting útgroeie ta de Kaapkoloanje.

Yn 1664, neidat it fort hast ynstoarten wie troch rein yn 1663 en de kans op oarloch tusken it Britske Ryk en Nederlân, waard it fort ferfong troch Kastiel de Goeie Hope.

It fort stie op it plak dêr’t no de Grand Parade is, it sintrale plein fan Kaapstêd, de lokaasje hat tsjinoer it gemeentehûs fan Kaapstêd stien. Parten fan it fort binne yn 2009 bleatlein by de ferbou fan de Grand Parade.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Emms, M. "Fortifications of the Cape of Good Hope" yn Lantern (juny 1976).
  • Ras, A.C. (1959). Die Kasteel en Ander Vroëe Kaapse Vestingwerke.
  • Seeman, U.A. (1997). Fortifications of the Cape Peninsula 1647-1829, Publisearre troch Castle Military Museum, Kaapstêd ISBN 0-620-21990-4

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]