Foppingastate

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Foppingastate

De Foppingastate wie in state ten suden fan Dronryp yn de gemeente Menameradiel.

Foppingastate is ien fan de âldere stinzen/states yn Menameradiel, mooglik al út de 14e iuw. Al yn 1426 is der sprake fan in Hessel Foppinga dy't yn dat jier yn Dronryp stjert. Yn 1529 die Salvius fan Foppinga oanjefte fan it swannerjocht fan Foppingastate en tagelyk fan dat rjocht op Dotingastate, dat eigendom is fan syn frou Aelcke fan Hermana.

Yn 1606 trout de roomske eigener Seino Lewe mei Tytcke fan Vervou, widdo Coenders. Damas fan Loo, in telch út it bekende Ljouwerter magistratelaach, kocht de state yn 1654, mar Arend fan Loo, kapitein-majoar fan in rezjimint ynfantery, die it 4 jier letter (1658) alwer fan de hân. Hy koe it jild grif better brûke as it hûs… It wie dan ek in djoere tiid om de stân op te hâlden as offisier.

Yn 1665 is it goed eigendom fan Margaretha fan Cammingha, widdo fan Sicco fan Grovestins, riedshear oan it Hof fan Fryslân, dy't yn syn libben eigener wie fan Dotingastate. Wumkes skriuwt yn syn kronyk by 1723 Foppinga-state aldaar van Mevr. Haersolte, geb. Grovestins, bewoond door den hr. Heemstra.
Op de kaart fan Halma út 1718 is de state noch grut oanjûn en liket noch yn folle bloei. Neffens Fan Burmania is de state lykwols al yn 1742 ôfbrutsen. Letter waard op it stee fan de state bûterfabryk ‘De Takomst’ boud.

Bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • oant 1426 Hessel Foppinga
  • 1529 Salvius van Foppinga
  • 1606 Seino Lewe
  • 1654 Damas fan Loo
  • 1658 Arend fan Loo
  • 1665 Sicco fan Grovestins
  • 1723 mefrou Van Haersolte-Grovestins, bewenner jonkhear Van Heemstra

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • Kroniek van het hedendaagse Friesland fan Dr. Wumkes
  • Tegenwoordige staat van Friesland ± 1775
  • Skiednis fan Menameradiel red. O. Santema en dr. Y.N. Ypma, 1972