Springe nei ynhâld

Floris Stoffelsma

Ut Wikipedy

Floris Stoffelsma (Utert, 19 febrewaris 1979) is freelance yllustrator út Almelo.

Hy waard grutbrocht yn De Jouwer en gie nei de keunstakademy 'Constantijn Huygens', ôfdieling Ylustraasje. Folge yn 2008 by de Muzerie 'BIK' CKV workshops foar basisskoallen 2008. Sûnt syn ôfstudearjen wurket er oan de Keunstakademy yn Kampen.

Stoffelsma wurke op de skoallen Noord Twente en De Telgenborch. Yllustrearre lesmetoades foar de basisskoallen (bg. Goed Gelezen, Taal Actief, Leeskist ) foar Utjouwerij Malmberg en Wolters-Noordhoff. Oare opdrachtjouwers wienen Stichting Natuur & Milieu, Eyeworks TV en Drama Producties, Omrop Fryslân, Vara TV magazine en Bartimeus. Fierder is er pedagogysk/keunstsinnich meiwurker KOV Borne. Neist tekenjen foar útjouwerijen hâldt er him ek dwaande mei it ûntwerpen en ûnderhâlden fan websiden/dvdhoezen/posters, jout freelance les op basisskoallen en is belutsen by koarte films. Hy wurke mei oan koarte films as Ein fan 'e Wrald, Thibalt & Gronosji, Taakstraf, DagDroom en Komt een vrouw bij de dokter (spylfilm).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: