Floddermûtse (earizer)
Appearance
In floddermûtse is in mûtse dy't by it Fryske earizer heart. Oer in opbûne of koartknipte hier komt in wite mûtse, dy't ôfwurke is mei in breidene of haakte râne om it efterste hier te bedekken. Dêr oerhinne komt in swarte mûtse wêr't it earizer opsetten wurdt. Oer it earizer hinne komt dan de floddermûtse. Dy kinne breide wêze of haakt en fan kloste kant of tule. Healwei de 19e iuw waard it moade om it ûnderste rântsje pypke en stisele sadat it moai ôfhong.
De floddermûtsen binne troch de tiid feroare. Om 1800 hinne wiene der twa soarten: De wiid útsteande Dútske floddermûtse en ien dy't dy't breed oer it skouder hong.
Earizers mei floddermûtsen wurde tsjintwurdich noch brûkt by ringriden, belslydjeien en troch skotsploegen.