Belslide

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Belslydjeien)
Jump to navigation Jump to search
Belslide
Enkhuizen anno 1923.
Belslydjeien, Akkrum 1963

In belslide is in slide dy't lutsen wurden troch hynders, rindieren of oare lûkdieren, en meast brûkt wurdt foar ferdivedaasje en foar de pronk.

It wurdsje bel hat te krijen mei de bellen dy't oan de slide en ek de hynstetugen sitte. Omdat de sliden net folle lûd meitsje soargje de beltsjes der foar dat elkenien gau genôch oan de kant gean kin. Der wurdt ek gauris in klokkespul brûkt op de sliden.

De âldst bekende belslide is dy fan Hylke Kingma út de 18e iuw. De Stifting Behâld Belsliden hat sa'n 500 belsliden werom fine kind en op de foto setten mei in beskriuwing. De helt fan dy sliden is boud nei de Twadde Wrâldkriich. Benammen op de Waadeilannen Skylge en It Amelân binne noch in soad sliden bewarre. De sliden fan de eilannen hawwe boppedat in eigen styl, wat grif gearhinget mei de pleatslike timmerlju dy't de sliden bouden. It wiene meast boeren dy't in belslide stean hienen, men moast der ommers in hynder foar hawwe en dus ek lân en jild. It barde ek wol dat in dokter in slide hie. It Fryske lânskip mei in soad beferzen wetter winterdeis soarge dat der yn Fryslân in soad belsliden wienen. It brûken moat al yn de 16e iuw ynboargere wêze, soks is noch wol te sjen op âlde skilderijen.

In arretikker is in slide út Fryslân. It is in fraai beskildere, lytse bakslide foar ien of twa persoanen, bedoeld om lutsen te wurden troch in Frysk Hynder. Der binne ek belsliden mei it bakje fan in sjeas om yn te sitten. De kampioenen by grutte wedstriden op de keunstiisbaan Thialf meitsje oan de ein ek altyd in eareronde. Eartiids waarden in soad wedstriden hâlden, it belslydjeien. It gie der dan net allinnich om wa' t hurdst koe mar der wiene ek prizen foar de moaiste presintaasje. In Frysk kostúm kaam dan ek goed ta syn rjocht.

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • In belslide dy't troch mear as ien rindier lutsen wurdt is neffens de marketingôfdieling fan de firma Coca Cola it ferfiermiddel fan de krystman.
  • Noard-Amerikaanske belsliden binne faak stjoerber trochdat der twa pear gliders oan sitte.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]