Springe nei ynhâld

Flagge fan Warstiens

Ut Wikipedy
Flagge fan Warstiens

De flagge fan Warstiens is de flagge fan it doarp Warstiens, yn de Fryske gemeente Ljouwert. It wapen waard yn 1986 registrearre.

By it gemeenteriedsbeslút fan 8 desimber 1985 binne in wapen en flagge fêststeld foar de 18 doarpen fan de eardere gemeente Boarnsterhim.

De beskriuwing fan de flagge is:

Twa lingtebanen fan blau en wyt, ferhâlding lingten 2:1; yn de blauwe baan in giel klaverblêd.

De kleuren komme út it wapen fan Warstiens.

  • Wite baan: symboal foar it Langdeel, in kanaal dat de himrik fan Warstiens yn twaen dielt.
  • Klaverblêd: ferwiist nei it agraryske karakter fan it doarp.
  • Kleurstelling: oernommen út it wapen fan Idaerderadiel, de gritenij en gemeente wêr't it doarp eartiidsk part fan wie.