Flagge fan Surhuzum
Appearance
De flagge fan Surhuzum is de flagge fan it doarp Surhuzum, yn de Fryske gemeente Achtkarspelen. De flagge waard yn 1991 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Trije banen giel-blau-giel elk fan 1/3 flaggehichte, in reade broekingstrijehoeke, reitsjend oant 2/3 flaggehichte. De reade punt belein mei in giele leelje fan 3/5 flaggehichte, de middelline fan de leelje op 1/5 flaggehichte fan de broek.
De kleuren komme út it wapen fan Surhuzum.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Blauwe baan: ferwiist nei it rivierke De Lauwers eastlik fan it doarp.
- Leelje: symboal foar it Sistersjinzers kleaster Jeruzalim. De leelje komt ek foar yn it wapen fan de famylje Fan Haersma.
- Reade punt mei blau krús: ferwizing nei in blau krús dat neist de tsjerketoer ferskine wêze soe nei in preek fan Olivier fan Keulen yn 1214.
- Giel: ferwiist nei de sângrûn dêr't it doarp op leit.