Flagge fan Ingwierrum
Appearance

De flagge fan Ingwierrum is de flagge fan it doarp Ingwierrum, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge waard yn 1988 registrearre.
De doarpsflaggen fan 28 doarpen yn Dongeradiel waarden op 28 jannewaris 1988 troch de gemeenteried fan de eardere gemeente Dongeradiel goedkard.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Trije like hege banen giel-blau-giel, yn de boppeste baan yn de broektop in swarte, swimmende ein, yn de blauwe baan twa wite broekkepers.
De kleuren komme út it wapen fan Ingwierrum.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ein: ferwiist nei de einekoaien dy't by it doarp lizze, benammen by de buorskip Nijlân.
- Blauwe baan mei kepers: ferwiist nei it Dokkumer Grutdjip, de kepers byldzje de slûsdoarren fan Dokkumer Nije Silen út.