Flagge fan Foudgum
Appearance
De flagge fan Foudgum is de flagge fan it doarp Foudgum, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge waard yn 1988 registrearre.
De doarpsflaggen fan 28 doarpen yn Dongeradiel binne op 28 jannewaris 1988 troch de gemeenteried fan de eardere gemeente Dongeradiel goedkard.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Giel, mei in blauwe broekskeanbaan fan in tredde flaggehichte en dêr op in giele pinnehâlder-mei-pinne fan it wapen.
De kleuren komme út it wapen fan Foudgum.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Blauwe skeanbaan: ferwiist nei de weagjende skeanbalke fan it wapen fan West-Dongeradiel, de gemeente wêr't it doarp eartiidsk part fan wei. Ek stiet it foar de Dokkumerwei dy troch it doarp rint.
- Kroantsjepinne: symboal foar dûmny en dichter François Haverschmidt. Foudgum wie syn earste parochy wêr't er preke fan 1859 oant 1862.