Springe nei ynhâld

Flagge fan De Skâns-Oostmahorn

Ut Wikipedy
Flagge fan De Skâns-Oostmahorn

De flagge fan De Skâns-Oostmahorn is de flagge fan it doarp De Skâns-Oostmahorn, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge waard yn 2008 registrearre.

It ûntwerp is fan J.C. Terluin.

De beskriuwing fan de flagge is:

Nei ûnderen skeand: 1. yn read in giele skânsdwinger yn de broekhoeke, wêr fan it ferrin in dikte hat fan 1/10 flaggehichte en rint oant 1/10 flaggehichte fan de skeane ferdieling wêr fan de ôfsnijing de flaggedieling folget; 2. fiif like heege weagjende banen fan blau en wyt.

De kleuren komme út it wapen fan De Skâns-Oostmahorn.

  • Skeane ferdieling: ferbyldet talúd fan de seedyk út.
  • Weagjende banen: stie foar de golfen fan de see dy tsjin de seedyk rinne.
  • Read fjild: stiet foar it gefaar dy fan see kaam.
  • Skânsdwinger: stiet foar de skâns dy by it doarp lei.