Fjirde Opwyk

Ut Wikipedy

De Fjirde Opwyk (Stellingwerfsk en offisjeel: Vierde Opwiek) is in feart yn de gemeente Eaststellingwerf. De feart rint fan de Nije Feart east fan Appelskea nei it noardeasten yn de rjochting fan Ravenswâld. Der lizzen noch mear nûmere wiken bylâns dizze wyk. In opwyk is in dearinnende wyk.

De namme Vierde Opwiek jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Vierde Wijk.