Nije Feart (Appelskea)

Ut Wikipedy

De Nije feart (Stellingwerfsk en offisjeel: Ni'je Vaort) is in feart yn de gemeente Eaststellingwerf. De feart rint fan de Earste Wyk yn Appelskea nei it easten oant de Dwerswyk. De Nije Feart rint noardlik bylâns de Opsterlânske Kompanjonsfeart. Oan de noardside rinne de Earste Wyk oant en mei de Alfde Wyk nei de Kompanjonsbosken.

De namme Ni'je Vaort jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Nieuwe Vaart.