Springe nei ynhâld

Fjildriden

Ut Wikipedy
Dit artikel is in stobbe oer sport.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Fjildriden
in fjildrider dy't syn fyts op 'e earm mei nimme moat.

Fjildriden is in foarm fan hurdfytsen dy't foaral yn de wintermoannen beoefene wurd. In fjildriid parkoers giet oer net ferhurde paden en troch bosk en fjild.

Yn dizze sport moatte de dielnimmers, mei de fyts sa hurd mooglik in ôfbeakene parkoers ôflizze. Yn tsjinstelling ta it dykhurdfytsen binne grutte parten fan it parkoers net ferhurde en ride de fytsers troch bosken, over fjilden, sleatten en sânpaden. It is dêrom somtiden nêdich de fyts op de skouders te nimmen en dermei te rinnen, bygelyks by te smoarge stikken as opstakels. In wedstriid by de professionals duorret in oere. Bij wrâldbekerwedstriden wurdt der ien omgong ekstra fytst.

De Frânskman Daniel Gousseau soe de earste fjildriidwedstriden organisearre hawwe, en ek it earste Frânske nasjonale kampioenskip yn 1902. De sport hat hin dêrnei ek bûten Frankryk ferspraat. Belgje organisearre syn earste nasjonale kampioenskip yn 1910, Switserlân yn 1912, Lúksemboarch yn 1923, Spanje yn 1929 en Itaalje folge yn 1930. De earste ynternasjonale wedstriden waarden yn 1924 hâlden, It earste wrâldkampioenskip waard 1950 hâlden yn Parys.