Fiskrivier (Namybje)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
De Fiskrivier yn Namybje.

De Fiskrivier is in rivier yn Namybje. It is mei 650 kilometer de langste rivier fan it lân. De rivier begjint yn it easten fan it Naukluftberchtme.

Net it heule jier troch stiet der wetter yn de rivier, hy is dan ek net altyd te befarren. Oan de ûnderrin fan de rivier is it Fiskrivier Ravyn, in kleau fan likernôch 160 kilometer lang dy’t begjint by it plakje Seeheim en einiget by Ai-Ais. It ravyn is op guon plakken mear as 500 meter djip. Dêrnei mûnet de rivier út yn de Oranjerivier, op likernôch 100 kilometer fan de Atlantyske Oseaan.