Fise-premier
In fise-premier of fise-minister-presidint is de plakferfanger fan in premier of minister-presidint. It earste diel fan it wurd 'fise-premier' giet werom op it Latynske vice, dat "ynstee fan" betsjut, en it twadde diel, 'premier', komt fan it Frânske premier ministre, dat "earste minister" betsjut.
Oer it algemien sit de fise-premier kabinetsgearkomsten foar as de premier of minister-presidint om utens, siik of om in oare reden ôfwêzich is. Fierders nimt in fise-premier foargoed (alteast oant de earstfolgjende ferkiezings) de taken fan in premier of minister-presidint oer as dy net mear by steat is ferfolje dy taken. Soks kin foarkomme as in premier of minister-presidint demint wurdt of om in oare reden net mear goed funksjonearret, of as er op wettige wize ôfset wurdt omreden fan hâlden en dragen dat net troch bûgel kin, lykas op it mêd fan korrupsje.
Yn 'e regel beklaait in fise-premier njonken syn fise-premierskip yn it kabinet ek in ministerspost, dy't syn haadfunksje is. Yn ien kabinet kinne ferskate fise-premiers oansteld wurde. Yn it meastepart fan 'e gefallen giet it dan op 'e lieders fan koälysjepartijen yn it regear. Sa hie yn Nederlân it pearze Kabinet-Kok I, dat ûnder lieding stie fan premier Wim Kok fan 'e PvdA, twa fise-premiers yn 'e persoanen fan Hans Dijkstal en Hans van Mierlo, dy't yn it regear de koälysjepartijen VVD en D66 fertsjintwurdigen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |