Springe nei ynhâld

Fetisjisme

Ut Wikipedy

Fetisjisme is it leauwen yn en it brûken fan magysk effektyf achte foarwerpen mei, sa't dat foarkomt by in grut tal natoerfolken oer de hiele wrâld, mar benammen yn West-Afrika. De term is ôflaat fan it wurd fetisj.

Voodoo fetisjmerk yn Lome, Togo

Ornaris ûnderskiedt men trije soarten fan sokke foarwerpen, yn folchoarder fan ôfnimmende magyske krêften de fetisjen, de talismans en de amuletten. Se wurde troch in tsjoender, sjamaan of medisynman makke fan bisten, planten of oare stoffen dêr't men fan leaut dat dy in magyske krêft hawwe, dy't se op 'e eigner fan it foarwerp oerbringe. Talismans en amuletten wurde op it lichem droegen, almeast om 'e pols, hals of mul. Fetisjen wurde ek wol op dy manear droegen, mar komme ek yn oare foarmen foar, lykas de bewurke beammen of ierden heuveltsjes dy't as bewekkers by de yngong fan doarpen steane of opwurpen binne.

Yn West-Afrika is it fetisjisme net beheind ta allinne de oanhingers fan natoerreligys; ek ûnder moslims is it dêre in tige algemien brûkme om in amulet te dragen, yn harren gefal meastal mei in fers út 'e Koaran deryn. Elke fetysj hat in dúdlik eigen doel, bygelyks de genêzing fan in beskate sykte, de oerwinning yn in oarloch, ensfh. As it immen foar de wyn giet, komt dat neffens de folken fan West-Afrika net troch syn eigen kapasiteiten, mar troch de krêft fan syn fetisjen.

Bûten West-Afrika komt fetisjisme ek wol foar, benammen yn Súdeast-Aazje. Sa pleatse de Mentawaiers, fan westlik Yndoneezje, dy't de geasten fan 'e deaden derfan fertinke de sielen fan 'e libbenen stelle te wollen, fetysjstokken by alle yngongen fan harren doarpen. Dy befeiligingsmetoade wurdt as wetterticht beskôge, útsein as immen in rituële sûnde begien of in taboe ferbrutsen hat.

Ek op it islamityske Java bestiet noch in frij algemien gebrûk fan talismans en amuletten. In protte Javanen leauwe ek noch altyd yn kesakten, in soarte fan magyske enerzjy dy't foarkomt yn parten fan it minsklik lichem en yn bisten, planten en libbenleaze dingen. Benammen de kesakten fan guon erfstikken is bûten Java bekend wurden, mei as wichtichste foarbyld de krêft fan de kris.

  • J. Bowker, Een wereld van religies, Kampen, 1999.
  • M. Eliade en I.P. Couliao, Wereldreligies in kaart gebracht, Utert, 1992.
  • D. Else en oaren, West Africa, Hawthorn, 1999.
  • Grote Winkler-Prins encyclopedie, Amsterdam/Antwerpen, 1979-1994.
  • W. Kielich, Volken en Stammen - Indonesië, Amsterdam, 1976.
  • P. Turner, Java, Hawthorn, 1995.
  • P. Turner en oaren, Indonesia, Hawthorn, 1997.