Springe nei ynhâld

Fersetsmonumint (Appelskea)

Ut Wikipedy
It fersetsmonumint Appelskea

It Fersetsmonumint yn Appelskea, ek bekend as fallen foar it heitelân, is in monumint ta oantins fan it Nederlânsk ferset yn de Twadde Wrâldoarloch.

De lânarbeiders Jitse Kiewiet, Anne de Boer en Melle Bruinsma waarden troch de Dútske besetter deadien by de Maaiestaking yn 1943; boppemaster Andries (Anje) Lok waard yn maaie 1944 yn syn tún deasketten (yn it ramt fan Aksje Sulverdin) en boskwachter Marinus van Emst waard yn augustus 1944 fusillearre. Ta oantins fan dizze fiif minsken waard it oarlochsmonumint oan de Bruggelaan oprjochte. De Utertske byldhouwer Jan van Luijn (1916–1995) krige fia arsjitekt D. Witteveen yn 1948 de opdracht ta de bou. Van Luijn makke ek fersetsmonuminten foar Wolvegea en Ferwert.

It monumint waard op 4 maaie 1951 ûntbleate.

It monumint bestiet út in 2 meter hege mitsele pylder, dêr't in kalkstiennen byld fan in knibbeljende frou op set is. Yn de pylder binne twa hurdstiennen bânen set, mei de tekst:

FALLEN FOAR IT HEITELÂN


JITSE KIEWIET 4 MEI '43

ANNE DE BOER 4 MEI '43

MELLE BRUINSMA 4 MEI '43

ANDRIES LOK 20 MEI '44

MARINUS VAN EMST 12 AUG. '44