Fers2
Fers2 is in online literêr tydskrift dat belutsen is by de hjoeddeiske literatuer, kontekstualisearre mei it gruttere kulturele ramt.
It tydskrift is ein 2014 oprjochte troch Abe de Vries en Friduwih Riemersma[1] yn it Amsterdamske teaterkafee-restaurant De Smoeshaan, dat syn namme krige fan it toanielstik fan de Romeinske skriuwer Plautus. De opfiering fan it stik waard yn 1968 troch de boargemaster fan Haarlim ferbean as 'zedenkwetsend' en sûnt is de namme assosjearre mei kontroversjeel en klandestyn. De namme Fers2 ferwiist nei it eardere literêre tydskrift Farsk, ek oprjochte en laat troch De Vries en ek yn de Amsterdamske krite foarmjûn. Farsk gie yn 2009 op yn literêr tydskrift Ensafh.
Fers2 propagearret in fisy op literatuer as keunst, dat net as taalbefoarderingsmiddel, noch as polityk bewegersynstrumint. It tydskrift ûntlokket in debat oer de wichtichste Fryske aktualiteiten, of oer de ûnûntkombere, lykas it besprekken fan wurk fan auteurs dy't men persoanlik ken.[2] It biedt in farsk perspektyf op de Fryske kulturele minderheidssituaasje yn de hjoeddeiske minderhedebeskermingspolityk fan de Europeeske Uny. Sa sei skriuwer en literatueraktivist Josse de Haan oer Fers2: "Satire, Knillis, satire, dat is de koark fan ‘e literatuer -it hele logofeest fan Lwrd.18 is satire…, want gjin literatuer".[3] Karakteristiken fan Fers2 binne, yn neifolging fan Farsk, in diskursive beneiering fan literêre krityk en anty-opiniëardheid.
Fers2 is ûnôfhinklik, fergees, ûntfangt gjin oerheidssubsydzje, hat in webmanagement dat hielendal yn hannen fan de redaksje is en brûkt prinsipieel de Steatestavering fan 1980 en net de Bewegersstavering fan 2015.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|