Fermanje fan Ljouwert
Fermanje | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
plak | Ljouwert | |
adres | Wurdumerdyk 18 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1760 | |
boustyl | Klassisisme | |
offisjele webside | ||
Side fan de doopsgesinde gemeente |
De Fermanje yn it sintrum Ljouwert is in tsjerke fan de minnisten. De tsjerke is sûnt 1967 in ryksmonumint.[1].
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al yn de katolike tiid wie der in doopsgesinde mienskip yn Ljouwert, dy't, oanfjurre troch de stedhâlder, troch de oerheid ferfolge waard. Ek nei de reformaasje waard it de doopsgesinden net altiten like maklik makke. Hja mochten wol byinoar komme, mar gjin opfallende tjerken bouwe. Nettsjinsteande dat wiene der meardere doperske mienskippen yn Ljouwert en fan trije dêrfan is bekend dat hja beskikten oer in plak dêr't hja byinoar komme koene. Sa wiene dêr de Alde Flamingen, in otterdokske rjochting yn de lear fan Minne Simens, dy't tsjerkten yn in hûs by de Waach. Hja foarmen foar lange tiid de grutste doperske mienskip yn de stêd. De Friezen hiene harren plak fan gearkommen oan it Switserswaltsje. Wer in oare doperske mienskip, de mear frijsinnige Wetterlânske Doopsgesinden, mochten tsjin it sin fan de oerheid in houten skuorre bouwe op de grûn fan Durkje Atsma, dy't yn 1680 ferfongen waard troch in stiennen skûltsjerke. Unwis is it oft dy houten skuorre op it selde plak stien hat as de hjoeddeiske tsjerke. De ferskate mienskippen gyngen yn 1705 en 1758 op yn de "Feriene Doopsgesinde Gemeente". Yn de Frânske tiid folge de emansipaasje foar alle tsjerkegenoatskippen.[2][3]
De tsjintwurdige tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hjoeddeiske sealtsjerke datearret fan 1760. Yn de 19e iuw fûnen der meardere ferbouwings oan de fermanje plak. It klassisistyske oansjen fan de tsjerke stamt út in ferbouwing yn 1832, doe't de tsjerke troch de ôfbraak fan in foarlizzend hûs fan ôf de Wurdumerdyk frij yn it sicht kaam te lizzen.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It 21 registers tellende oargel fan de fermanje yn Ljouwert is oarspronklik ôfkomstich út in Amsterdamske tsjerke. It wie dêr yn 1786 foar de doopsgesinde tsjerke "De Zon" boud troch de Westfaalske oargelbouwer Johannes Stephanus Strümphler. Nei't "De Zon" troch in gearfoeging mei in oare gemeente sletten waard, ferhûze it oargel nei in oare doopsgesinde tsjerke yn Amsterdam, "De Toren". Fanwegen jildkrapte koe de gemeente De Toren net mear ûnderhâlde [4] en it oargel waard te keap oanbean. De Ljouwerter doopsgesinden wisten doe it oargel oan te keapjen en Albertus fan Gruisen boude it instrumint yn 1812 wer op yn de fermanje fan Ljouwert. Mei it oargel ferhûze ek de preekstoel, dy't krektlyk as yn Amsterdam ûnder it oargel in plak krige. Yn 1848 waard de disposysje fan it oargel feroare en yn 1858 fernijd troch it Ljouwerter oargelbedriuw L. van Dam & Zn. mei behâld fan it measte piipwurk. Nei meardere feroarings oan it instrumint yn 1883, 1910 en 1961 waard it oargel by de lêste restauraasje yn de jierren 1990 werom brocht yn de steat fan 1858.[5]
Ramen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De brânskildere ramen oan wjerskanten fan de preekstoel binne yn 1954 makke troch Joep Nicolas en byldzje it ferhaal fan de wûnderlike fiskfangst (Lukas 5:5-6) en it fuotfaskjen (Jehannes 13) út.[6]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|