Ferkundigingstsjerke (Nazaret)
| Ferkundigingsbasilyk
כנסיית הבשורה - كنيسة البشارة | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| plak | Nazaret | |
| adres | Casa Nova Street | |
| koördinaten | 32°42' N 35°17' E | |
| Arsjitektuer | ||
| arsjitekt | Giovanni Muzio | |
| boujier | 1960-1969 | |
| hichte | 59,5 m | |
| Webside | ||
| Side Fransiskanen yn it Hillige Lân | ||
| Kaart | ||
De Basilyk fan 'e Ferkundiging (Hebriuwsk: כנסיית הבשורה; Arabysk: كنيسة البشارة) is in moderne roomske tsjerke yn Nazaret yn it noarden fan Israel. De tsjerke waard boud op it plak dêr't neffens de tradysje de aartsingel Gabriel Marije it boadskip brocht dat hja swier wurde soe fan 'e ferwachte Messias, de Soan fan God. Fanwegen dy ferkundiging is it plak en de stêd Nazaret ien fan 'e hillichste plakken fan 'e Kristenheid.
De hjoeddeiske Ferkundigingstsjerke is in gebou fan twa ferdjippings, dat boud waard yn 'e jierren 1960 op it plak fan âldere tsjerken út de byzantynske- en krúsfarderstiid. Yn in leger diel fan 'e tsjerke leit de Ferkundigingsgrot, dy't troch in soad kristenen as it plak sjoen wurdt dêr't Marije har bernejierren trochbrocht. De tsjerke is in saneamde basilica minor, in tsjerke mei in troch de paus ferliende spesjale status. Alle jierren pylgerje grutte tallen katoliken, protestanten en otterdoksen nei de tsjerke.
Earste tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste tsjerke ûnstie mooglik earne yn 'e midden fan 'e 3e iuw yn 'e grot dêr't Marije libbe hat. Keizer Konstantyn joech opdracht ta de bou fan in gruttere tsjerke. De keizer waard dêrby holpen troch syn mem Helena, dy't tsjerken stifte op 'e plakken dy't in grutte rol spilen yn it libben fan Jezus en tagelyk mei de Berte- en de Grêftsjerke waard de Ferkundigingstsjerke stifte. Nei de islamityske ferovering fan Palestina yn 638 easken de moslims hege betellingen fan 'e kristenen foar harren tsjerken. Yn it jier 670 wiene der twa tsjerken yn Nazaret, de Sint-Joazeftsjerke en de Ferkundigingstsjerke, mar by it oanbrekken fan 'e krúsfarderstiid wie fan 'e beide tsjerken net folle mear oer.[1]
Twadde tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De twadde tsjerke waard yn 'e tiid fan 'e krústochten op 'e ruïne fan 'e Byzantynske tsjerke boud nei't yn 1102 prins Tancred Nazaret befrijde. De twadde tsjerke waard lykwols nea foltôge. By opgravings yn 1909 waarden fiif romaanske kapitelen fûn. De kapitelen wiene makke troch byldhouwers út Noard-Frankryk en stiene yn 1187 noch net op harren plak doe't de stêd it nijs fan Saladin's oerwinning yn de Slach by Hittin fernaam. Saladin joech de Fransiskanen tastimming om yn Nazaret te bliuwen en tafersjoch te hâlden op 'e tsjinsten yn 'e tsjerke.
Yn 1260 ferneatigen Baibars en syn Mammelukske leger de tsjerke by in oanfal op Nazaret. In lyts tal Fransiskanen slagge der yn om oant de fal fan Accra yn Nazaret te bliuwen, mar yn 'e folgjende trije iuwen wie it foar de Fransiskanen ôfhinklik fan 'e politike sitewaasje, dy't jimmeroan wer feroare, in kommen en gean. Fransiskaanske dokuminten fertelle oer harren ferballing yn 1363, oer it weromkommen yn 1468 en in slachting ûnder in tal bruorren yn 1542. Yn dy tiid wisten kristlike famyljes mei help fan 'e Fransiskanen de tsjerke troch de tiid te krijen.
Emir Fakhr ed-Dîne II joech yn 1620 de Fransiskanen nei in tiid fan ôfwêzigens permisje om werom te kommen. Se bouden in lyts bouwurk om de hillige grot, dy't fereare wurdt as it hûs fan Marije. Yn 1635 waard Fakhr ed-Dîne fanwegen oergeunst om syn militêre en politike súksessen yn Istanbûl eksekutearre en de pasja fan Damaskus naam wraak op elts dy't fan Fakr ad-Din beskerming krige. De Fransiskanen waarden oppakt, finzen set en pas nei it beteljen fan in grut jildbedrach wer frijlitten. Bedûïnen twongen de Fransiskanen yn 1638 op 'e nij Nazaret te ferlitten, mar se kamen trije jier letter werom. Pylgers dy't yn 1644 de stêd besochten, rapportearren dat de steat om de Ferkundigingsgrot noch jimmeroan in púnbulte wie.

Tredde tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1730 krigen de Fransiskanen tastimming om in nije tsjerke te bouwen. De bou mocht net langer duorje as seis moannen, de tiid dy't foar in moslim doe in beafeart nei Mekka duorre. Troch de beheinde tiid koe it mar in ienfâldich bouwurk wurde mei in alter boppe de grot en in trep, dy't nei de grot late dêr't alters stienen foar Joachim en Anna en de aartsingel Gabriel. Dy tsjerke waard nochris fergrutte yn 1877.[2]
Hjoeddeiske tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De 18e-iuwske tsjerke waard yn 1954 folslein ôfbrutsen om plak te meitsjen foar nijbou, dy't yn 1969 foltôge waard. De nije basilyk is in ûntwerp fan de Italjaanske arsjitekt Giovanni Muzio en waard yn 'e jierren 1960-1969 boud troch it Israelyske boubedriuw Solel Boneh. It behear fan it grutste tsjerkegebou fan it Midden-Easten bleau yn hannen fan 'e Fransiskanen en waard yn 1964 troch paus Paulus VI ynwijd.
Oan 'e ein fan 'e jierren 1990 soarge it plan fan 'e bou fan in moskee fuort njonken de Ferkundigingstsjerke foar grutte ûnrêst yn Nazaret. De kwestje rûn heech op en late ta spannings tusken it Fatikaan en de Israelyske oerheid. Katolike en otterdokse lieders wiisden de plannen ôf en om harren protest kundich te meitsjen oan pylgers sletten se de tsjerken foar in tal dagen. Yn novimber 1999 waard yn 'e oanwêzigens fan tûzenen jûchhei roppende en mei fûsten swaaiende moslims mei fjoerwurk yllegaal de earste stien lein foar de nije moskee.[3] [4] Ek de islamityske mienskip wie net ienriedich oer de needsaak fan 'e bou fan in moskee njonken de Ferkundigingstsjerke, in plak dêr't nea in moskee stien hie en dat in inisjatyf fan in lytse groep moslims wie. Yn 2003 makken Israelyske buldozers in ein oan 'e yllegale bou.[5] [6]
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Benedentsjerke.
- Fransiskaanske muontsen.
- Boppetsjerke.
- Koepel.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Basilica of the Annunciation Bible Walks
|
