Ferdronken Lân fan Saaftinge
It Ferdronken Lân fan Saaftinghe is in natoergebiet yn Siuwsk-Flaanderen yn de provinsje Seelân. It is in skoarregebiet yn de Westerskelde en foarmet de grutste brakwettersône fan West-Europa. Earder wie de Saeftinghe in bloeiende polder.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Saeftinghe waard yn de 13e iuw ynpoldere ûnder behear fan de abdij Ter Doest. Ien fan de bekendste bewenners fan dy abdij wie Willem fan Saeftinghe.
Oant foar 1570 wie Saeftinghe tige fruchtber polderlân. Minsken libben fan lânbou en turfstekken. Oant har ûndergong wie Saeftinghe in aparte hearlikheid.
Der leinen fjouwer doarpkes, nammentlik Saeftinghe, Namen, Sint-Laureins en Casuwele en inkele buorskippen lykas Auwerslûs. It gebiet waard fan de 12e iuw ôf geregeld bedrige troch oerstreamings. De Alderheljenfloed yn 1570 sette it gebiet hast hielendal ûnder wetter. Fjouwer jier letter rikte it "Ferdronken Lân" oant Verrebroek en Kallo (Belgje). Allinnich Saeftinghe en noch inkele oare stikken bleaunen boppe wetter; sa ek de toer fan Namen. De klokken waarden út de toer helle en opnij ophong yn it tichtby lizzende doarpke Graauw. It fort bleau tydlik yn gebrûk as tolhûs. Yn de Tachtichjierrige Oarloch stutsen Nederlânske soldaten yn 1584 om strategyske redenen de lêste yntakt bleaune diken troch en ferdwûn Saeftinghe opnij ûnder wetter. Yn de 17e iuw waard opnij begûn mei it bedykjen, en yn 1907 wie de Hartoginne Hedwigepolder it lêste op de see ferovere gebiet. It buorskip Emmadorp leit no oan de râne fan it ferdronken lân.
Soms gunt de Skelde ús noch in blik op de restanten fan de ferdwûne doarpen. Troch it skuorjende effekt fan it wetter kommme soms noch restanten fan huzen en tsjerken efkes bleat te lizzen. Spitigernôch soarget it stigende seenivo derfoar dat de kânsen dat der eat bleat komt te lizzen hieltiten lytser wurde.
Geografysk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Ferdronken Lân fan Saeftinghe rikt offisjeel fan de nol fan Baalhoek oant Kearnsintrale Doel. It gebiet is 3580 hektare grut en jout in byld fan it Siuwske oerlân: in delta fan sliken en skoarren mei in soad slinken. De trije grutste binne it Speelmansgat, de Iiskelder en it Hûnegat. Dêrtusken lizze ek in soad lytsere slinken en platen lykas it Spauwer, Konijnenskor, de Noard, en de Marlemontse plaat.
Yn de jierren fyftich fan de 20e iuw bestienen der plannen om it Ferdronken Lân fan Saeftinge yn te polderjen. Mei dat doel binne de Ryksdaam en de daam nei de noard oanlein. Uteinlik is dit plan net trochgien en is it Ferdronken Lân ta natoergebiet útroppen. By de Gasdaam komt de ierdgaslieding fan Súd-Bevelân oan lân. Dizze daam is lykwols net oanlein foar it ynpolderjen.
Yn dyselde tiid waard ek in plan betocht om de farwei yn te koartsjen troch in kanaal oan te lizzen lâns Baalhoek, it saneamde Baalhoekkanaal. Fan dit plan hat men ek ôfsjoen omdat ek dit te folle skea opleverje soe ian it gebiet. It gebiet wurdt tsjintwurdich noch altiten bedrige mar dan troch it útbaggeljen fan de Westerskelde. Hjirtroch broazelt de fargeul mear en mear ôf wat mear en mear in bedriging foar it natoerreservaat foarmet.
Oarspronklik leinen tichtby Saeftinge fiif Nederlânske haventsjes en ien Belgysk haventsje. Yn Nederlân gie it om Paal, Emmadoarp, Baalhoek, Hartoginne Hedwighaven en Krúspolderhaven. It Belgyske haventsje wie de Prosperhaven. Allinnich de haven by Paal bestiet noch; de oare binne by dykferswierrings ferdwûn.
Natoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it skoarregebiet hat him in floara ûntwikkele dy't eigen is oan brakke omjouwings. Soarten as echt leppelblêd, seeaster en heen groeie der in soad. Trochdat it skoar ferâlderet, feroaret ek de fegetaasje; typyske skoarreplanten wurde ferdreaun troch reid. It Ferdronken Lân is ek it wichtich fûgelgebiet dêr't in soad bried- en trekfûgels tahâlde of foarby geane.
Behear
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It gebiet wurdt beheard troch Stifting It Siuwske Lânskip en lûkt jierliks in soad besikers. In besikerssintrum, wêrút ek ekskurzjes organisearre wurde, is te finen yn it buorskip Emmadoarp.
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In folksleginde oer it ûntstean fan dit gebiet giet sa: De doarpsbewenners fan Saeftinghe wienen idel en grutsk, wat in haadsûnde is. Op in dei fong in fisker in seemearmin en de seemearman woe fansels syn frou werom. De fisker wegere, wêrnei 't de seemearman drige: It lân fan Saefthinghe sil fergean, allinnich syn tuorren sille stean bliuwe (ek wol: Namen, Namen sil fergean, allinnich syn toer sil bestean bliuwe, nei it doarp Namen, dat ek yn de weagen ferdwûn, wêrnei't it doarp Nij-Namen boud waard. Soms sjocht men yn it gebiet witw gedaanten yn de mist. Dat soenen de geasten fan ferdronken minsken wêze dy't hjir omdoarmjen bleaun binne.
It Suske en Wiske-ferhaal Het verdronken land spilet him ôf yn Saeftinghe en it ferdronken lLân fan Saeftinghe.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Besikerssintrum Saefthinge
- Offisjeel webstee fan de Nederlânske- en Flaamske behearders
- Natura 2000 gebiet: Westerskelde en Saeftinghe
- Natura2000 gebiet 183
- Fûgeltellingen yn Saeftinghe
- w.v. Saeftinghe-haven Paal, ynklusyf foto's
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Verdronken Land van Saeftinghe fan Wikimedia Commons. |