Femi Oke

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Femi Oke
Mikrofono.svg tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Femi Oke.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Femi Oke
nasjonaliteit Flag of the United Kingdom.svg Britsk
berne 30 juny 1966
berteplak Londen (Ingelân)
etnisiteit Flag of the Yoruba people.svg Jorûba
wurkpaad
wurksum as presintatrise, waarfrou,
meteorologe, ferslachjouster,
nijslêzeresse
medium tillefyzje, radio
wurksum by BBC, CNN, Al Jazeera
bekend fan World News
Inside Africa
jierren aktyf 1980 – no
offisjele webside
therealfemioke.com

Femi Oke (útspr.: ['fɛmi 'oʊke], likernôch: "femmy oo-kee"; Londen, 30 juny 1966) is in Britsk presintatrise, waarfrou, meteorologe, ferslachjouster en nijslêzeresse fan Nigeriaansk komôf. Hja krige ynternasjonale bekendheid troch har wurk foar de Amerikaanske nijsstjoerder CNN International. Op 't heden is Oke yn 'e tsjinst fan 'e Arabyske nijsstjoerder Al Jazeera English.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oke waard yn 1966 berne yn 'e Ingelske haadstêd Londen, as dochter fan âlden dy't út Lagos, yn Nigearia, dêrhinne emigrearre wiene. Hja is in etnyske Jorûba (de Jorûba of Yoruba binne ien fan 'e grutste folken fan súdlik Nigearia). Oke genoat har oplieding oan 'e Universiteit fan Birmingham, dêr't se ôfstudearre mei in bachelortitel yn Ingelske taal- en letterkunde.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oke sette yn 1980, mei fjirtjin jier, al útein mei wurk as ferslachjouster foar it Britske radiostasjon London Broadcasting Company. Yn 1993 wie se yn 'e tsjinst by de keabeltillefyzjestjoerder Wire TV, dêr't se ferskate programma's presintearre, wêrûnder it populêre Soap on the Wire op 'e sneontemiddeis, in praatprogramma oer soapsearjes mei soap-ekspêr Chris Stacey. Yn 'e earste helte fan 'e 1990-er jierren presintearre Oke ek it wittenskiplike programma Science in Action en it muzykprogramma Top of the Pops, beide op 'e BBC. Fierders wurke se yn 'e tachtiger en njoggentiger jierren ek foar GMTV, London Weekend Television, Men & Motors en Carlton Television.

Yn 1999 joech Oke har by de Amerikaanske nijsstjoerder CNN, dêr't se op CNN International as waarfrou en meteorologe it waarsegmint fan 'e nijsprogramma's World Today en World News fersoarge. Dêrnjonken presintearre se ek geregeldwei de eftergrûnrubryk Inside Africa, dy't him talei op ekonomyske, kulturele en maatskiplike ûnderwerpen oangeande it Afrikaanske wrâlddiel. Yn deselde snuorje wie Oke ek as nijslêzeresse en ferslachjouster wurksum foar it radioprogramma The Takeaway, op Public Radio International. Yn 2008 ferliet Oke CNN om har by de Katareeske nijsstjoerder Al Jazeera English te jaan, dêr't se sûnt jier en dei it programma The Stream presintearret.

Njonken har sjoernalistike wurk is Oke ek aktyf as dosinte oan it ynstitút fan 'e Meteorologyske Wrâldorganisaasje (WMO) yn it Argentynske Buenos Aires. Fierders hat se gastkolleezjes fersoarge oan 'e Universiteit fan Libearia en de Emory Universiteit yn Atlanta, en hat se foar de Feriene Naasjes yn Rome in lêzing holden foar de gearkomste fan it Wrâlditensprogramma (WFP). Yn 2005 wie Oke te sjen yn 'e koarte film The Last Hour. Hja hâldt in blôch by op har eigen webside en wennet yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.