Springe nei ynhâld

Feike Alles Clock

Ut Wikipedy
Detail fan de troch Cornelis Pijnacker yn 1634 tekene kaart fan Drinte opnomd yn de Atlas Maior van Blaeu - de ûntginning fan it feangebiet is dúdlik te sjen, der rinne yn de rjochting fan Pekela trije lykstrekige kanalen, de Peekel Sloot, de Venke Sloot en de Swelt Sloot'

Feike Alles Clock (Ljouwert, grif berne ein 1604, doopt dêr op 1 jannewaris 1605[1] - grif Alde Pekela, hjerst 1653) wie in ferfeanter yn de East-Grinslanner Feankoloanjes.

Clock wie de twadde soan út it houlik fan Alle Feickes en Talke Pieters Clock,[2] dy't op 15 oktober 1603 yn Ljouwert troud wiene. Op 19 jannewaris 1623 boaske hy op It Hearrenfean mei Tieets Boelens[3]. Clock wie sûnt 1629 ferfeanter yn Alde Pekela. Van 1630 oant 1635 en yn 1644 kaam hy ek foar as offisier yn it leger.

De gemeenteried fan de op 1 jannewaris 1990 nijfoarme gemeente Pekela hat de herinnering oan Clock libben hâlden troch yn it nije gemeentewapen in ôfbyld fan in klok op te nimmen. Al foar de weryndieling fan Alde en Nije Pekela, waarden in strjitte, in skoalle en in âldereinsintrum yn de Pekela's nei him ferneamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • D. Kuil: Feike Alles Clock. Grondlegger van de Pekela's. Biografie & genealogie, Ten Boer (1995).
  • Jan Schimmel en Abraham van der Laan: Het geslacht De Mepsche te Groningen
  • D. Kuil: Kroniek van Pekela (1558) 1599-1999, Ten Boer (1999).
  • Bram Camerlingh: Pekelders I. Biografisch woordenboek van Pekela. Diel I: Biografieën, side 63-69, Ten Boer (2010).

  1. Feycke waard doopt yn Ljouwert op 1 jannewaris 1605 as bern fan Alle Feyckes. (boarne: Herfoarme gem. Ljouwert, doopt 1603-1612 -Tresoar
  2. De âlden en de pake-en-beppe fan memmekant fan Feike Alles Clock wennen yn it begjin fan de 17e iuw yn Ljouwert respektivelik Snits en wienen dêr byersteecker. Syn heit kaam fan oarsprong út Beetstersweach
  3. Feicke Allerts fan Ljouwert boaske op 19 jannewaris 1623 op It Hearrenfean mei Tiets Boelisdr (boarne: Trouregister Herfoarme gemeente It Hearrenfean 1614-1638 -Tresoar)