Springe nei ynhâld

Fâltum (mole)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fatum (mûne))
Fâltum (mole)
mûne / mole
De mûne yn 2012
De mûne yn 2012
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
plak Tsjom
koördinaten 53° 8' N 5° 29' E
bysûnderheden
type mûne Spinnekop
funksje Poldermûne
oarspr. gebrûk Bemeallen fan de Fâltumerpolder
flecht 11,46-11,60 meter
boujier 1914 (ûnderhûs mooglik âlder)
oare ynformaasje
eigner Stifting Monuminten Waadhoeke
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 15821
Webside
Side fan de stifting
Kaart
Fâltum (Fryslân)
Fâltum

Fâltum (Nederlânsk: Fatum) is in nei de útbuorren Fâltum ferneamde poldermole en ryksmonumint súdeast fan Tsjom yn de gemeente Waadhoeke .

By Tsjom stiet noch in twadde spinnekopmole, Teatlum.

Fâltum bemealle oant de ruilferkaveling in polder mei deselde namme. De fjouwerkante ûndertoer mei houten dielen fan dizze spinnekopmole is mooglik út de 18e iuw. Yn 1914 en 1915 waard de mole troch brân ferwoaste en wer opboud. Fan de brân binne ûnder yn de mûne noch spoaren te sjen.[1]

Oant in restauraasje oan de ein fan de jierren sechtich hie Fâltum in selsswichting. Yn 1989 is de mole op 'e nij restaurearre.

Yn 2022 is de skroef fan de mûne langer makke en de skroefbak ferfongen. De kosten fan de restauraasje bedroegen 80.000 euro. De skroef is no djipper, sadat de mûne wer by it lege grûnwetter kin en helpe kin by it bemeallen fan de polder.[2] [3]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: