Springe nei ynhâld

Fan Bingbing

Ut Wikipedy
Fan Bingbing
akteur
Fan Bingbing yn 2023
Fan Bingbing yn 2023
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Sineesk
berne 16 septimber 1981
berteplak Yantai
jierren aktyf 1996 - no
offisjele webside
(in) IMDb-profyl, TMDB-profyl
Allmovie-profyl
N.B.: Dit is in Sineeske namme. Fan is de famyljenamme en Bingbing is de foarnamme.

Fan Bingbing (Sineesk: 范冰冰, Yantai, 16 septimber 1981) is in Sineeske aktrise, popsjongster, model en telefyzjeprodusint. Se is hikke en tein yn Yantai. Fan 2013 oant 2017 waard se opnommen as de heechst betelle ferneamdheid yn 'e Forbes China Celebrity 100-list nei't se sûnt 2006 elk jier yn 'e top 10 stie. Se ferskynde op 'e list fan Time magazine fan 'e 100 meast ynfloedrike minsken yn 2017.

Fan Bingbing yn Cannes, 2013

Fan wurke ynearsten yn East-Aziatyske films en op telefyzje, benammen yn de dramasearje My Fair Princess (1998 -1999). Sy briek troch troch mei de film Cell Phone (2003), dy 't yn Sina de film fan it jier dy't de measte winst opsmiet. Dêrnei spile se yn ferskate Sineeske films, wêrûnder Lost in Beijing (2007), Buddha Mountain (2011) en Double Xposure (2012). Foar har haadrol yn de film I Am Not Madame Bovary (2016) wûn Fan prizen fan it Golden Horse Film Festival, it Tokyo International Film Festival, it San Sebastián International Film Festival en de Golden Rooster Awards. Har bûtenlânske filmrollen omfetsje de Frânske film Stretch (2011 ), de Koreaanske film My Way (2011), de Amerikaanske superheldefilm X-men: Days of Future Past (2014) en de Hong Kong-Sineeske-Amerikaanske film Skiptrace (2015).

Yn 2018 ferdwûn Fan foar trije moannen, nei 't sein wurdt ûnder in ûndersyk nei har belestingsaken troch de Sineeske autoriteiten. Nei 't sein waard krige se in boete dy 't grutter wie as har nettowearde. Se ferskynde dêrnei op sosjale media en bea publyklik har ekskuzes oan foar de belestingûntdûking, dêr 't se in boete foar krige fan mear as Sy 883 miljoen ($ 127 miljoen).

  • Yi jian zhong qing (2002)
  • Ngo ga yau yat chek hiu dung see (2002)
  • Cell Phone (2003)
  • Chin gei bin II: Faa dou dai zin (2004)
  • Qing dian da sheng (2005)
  • Mo gong (2006)
  • Xin zhong you gui (2007)
  • Ai qing hu jiao zhuan yi (2007)
  • Pingguo (2007)
  • Gei sun yan (2007)
  • Dou foh sin (2007)
  • He yue qing ren (2007)
  • Ming Yun Hu Jiao Zhuan Yi (2007)
  • Jing mou moon (2008)
  • Home Run (2008)
  • Tao hua yun (2008)
  • Xin Su shi jian (2009)
  • Mai tian (2009)
  • Fei Chang Wan Mei (2009)
  • Shi yue wei cheng (2009)
  • Mei loi ging chat (2010)
  • Dong feng yu (2010)
  • Rizhao Chongqing (2010)
  • Guan yin shan (2010)
  • Zhao shi gu er (2010)
  • Stretch (2011)
  • Xin shao lin si (2011)
  • Jian dang wei ye (2011)
  • Er ci pu guang (2011)
  • My Way (2011)
  • Iron Man 3 (2013)
  • One Night Surprise (2013)
  • Bai fa mo nu zhuan zhi ming yue tian guo (2014)
  • X-Men: Days of Future Past (2014)
  • Wan wu sheng zhang (2015)
  • Wang chao de nu ren: Yang Gui Fei (2015)
  • Jue di tao wang (2016)
  • Feng shen chuan qi (2016)
  • Wo bu shi Pan Jin Lian (2016)
  • Jue ji (2016)
  • Le portrait interdit (2017)
  • Kong tian lie (2017)
  • Zu zong shi jiu dai (2018)
  • Airstrike (2018)
  • Cell Phone 2 (2019)
  • The 355 (2022)
  • The King's Daughter (2022)
  • Green Night (绿夜, 2023)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Foar boarnen en referinsjes sjoch de ynlieding fan it Ingelsktalige artikel: en:Fan Bingbing.