Fabel
In fabel is in literêr sjenre dat bestiet út in fiksjoneel ferhaal, yn proaza of berime fersen, wêryn't bisten, mytyske wêzens, planten, foarwerpen of natoerkrêften antropomorf (op minsklike wize) foarsteld wurde, mei minsklike fermogens (lykas ferbale kommunikaasje en rasjoneel tinkfermogen) en mei minsklike gefoelens. Sokke ferhalen binne bedoeld om ynterpretearre te wurden yn in opfiedkundich ramt: der komt in moraal út nei foarren. Tegearre mei it mearke is de fabel ien fan 'e meast duorsume foarmen fan it folksferhaal, en se binne dan ek bekend út 'e literatuer fan sawat hiel de Alde Wrâld, wylst de myten fan 'e lânseigen befolking fan 'e Nije Wrâld yn literêr opsjoch foar in grut part as fabel omskreaun wurde kinne soene. In bekende fabel is it Midingelske The Owl and the Nightingale. Ut it Nederlânske taalgebiet springt benammen Van den Vos Reynaerde derút, en fierders is der noch de Esopet, dat in samling fan 67 Midflaamske fabels is.