Springe nei ynhâld

Euskadi Ta Askatasuna

Ut Wikipedy
Mei de reade streken moat Ûnôfhinklik wurde neffens de ETA
Symboal fan de ETA

De Euskadi Ta Askatasuna, better bekend ûnder de ôfkoarting ETA, wie in separatistyske bewapene beweging dy't de stifting in ûnôfhinklike sosjalistyske Baskyske steat neistribbe. De namme is Baskysk foar 'Baskysk heitelân en frijheid' of 'Baskenlân en frijheid' (it wurd '(e)ta' is ek Baskysk foar 'en'). De organisaasje waard op 31 july 1959 oprjochte en op 2 maaie 2018 opheft.

De ETA fierde in bluodrige striid tsjin de Spaanske oerheid, wêrby't ek ûnskuldige boargers net sparre waarden. Krekt as by de Noardierske IRA waarden meastal wol warskôgings jûn foardat de bommen ôfgiene. Dêrom wiene de gefolgen fan de ETA-oanslaggen meastal beheind fan skaal. Oant en mei 2003 deade de beweging 339 boargers en 478 plysje-aginten en soldaten.

It symboal fan de ETA wie in slang wikkele om in bile. It motto fan de beweging wie Bietan jarrai, dat betsjut 'wy geane troch mei beide'. Dat 'beide' betsjutte trochgean mei de wapene striid, symbolisearre troch de bile, en mei de striid troch slûchslimmens, symbolisearre troch de slang. De politike tûke fan de ETA wie de partij Batasuna.

Doelen fan de ETA

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ETA hie histoaryske sjoen twa kearnpunten:

  • It oprjochtjen fan in sosjalistyske Baskyske steat ynklusyf Navarra.
  • It frij krijen fan ETA-leden dy’t yn de finzenissen yn Spanje en Frankryk sieten.

Yn de rin fan de jierren ’80 ferskoden de doelen fan de ETA. Trije desennia nei de oprjochting like it stribjen nei in ûnôfhinklike sosjalistyske Baskyske steat mear en mear in utopy en praktysk net realisearber. Yn it demokratysk alternatyf, in manifest fan de ETA út 1995, makke de organisaasje bekend in mear pragmatyske koers farren te sillen. Sa kundige de ETA oan de bewapene striid te staken as it Spaanske regear de soevereiniteit en it selsbeskikkingsrjocht fan de Basken erkenne soe. De ETA stelde yn it manifest foar om in referindum te hâlden oer de fraach oft Baskenlân in diel fan Spanje bliuwe moast of net.

Skiednis fan de ETA

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de begjindagen wie de ETA in freedsume beweging fan yntellektuelen. Mar diktator Franco ûnderdrukte de ETA mei geweld. Doe begûn de ETA yn de jierren ’60 mei gewelddiedige aksjes. De beweging waard dêrby ynspirearre troch de Algerynske befrijingsbeweging tsjin Frankryk en troch it marksisme. Nei de demokratisearring fan Spanje yn de jierren ’70 gie de ETA troch mei polityk geweld en ferlear sa in soad sympaty, ek fan de Baskyske befolking.

De Spaanske regearing organisearre en finansiere yn de jierren ’80 de Grupos Antiterroristas de Liberación, deadseskaders dy’t leden fan de ETA ûntfierden, martelen en fermoarden. Dat stie bekend as de Smoarge Oarloch.

De ETA hat in soad oanslaggen dien. Der binne in oantal dy’t opfoelen:

  • 1960 – Earste ETA oanslach, it mislearre om in trein te ûntspoaren.
  • 1968 – Earste deade troch de ETA: Meliton Manzana, in haad fan de geheime polysje yn San Sebastian.
  • 1970 - Proses yn Burgos. Sechtjin ETA-leden stienen terjocht foar de mondiale rjochtbank. Seis deastraffen en yn totaal mear as 700 jier finzenisstraf. Dit soarge foar mondiale ferneamdheid. Nei massaal protest waarden de deastraffen omsetten yn finzenisstraffen.
  • 1973 - Moardoanslach op Premier Admiraal Luis Carrero Blanco (de oanwiisde opfolger fan Franco) yn Madrid as wraak foar de eksekúsje fan Baskyske separatisten.
  • 1980 – Mei yn totaal mear as 180 slachtoffers is dit ien fan de bluodrichste jierren fan de ETA.
  • 1986 - Moard op ETA-kommandant dy’t it geweld ôfswarde, María Dolores Katarain (Yoyes). Har bern wie by it fermoardzjen. De ETA beskuldige har fan dessertsje.
  • 19 juny 1987 - Oanslach op in supermerk in Barcelona mei 21 deaden en 45 ferwûne minsken.
  • 1995 - De Spaanske polysje slagget der yn om in moardoanslach op kening Juan Carlos te foarkommen.
  • 1995 - De ETA woe in moardoanslach plege op Jose Maria Aznar, lieder fan de Spaanske rjochtse opposysje en letter premier. De plysje slagget der yn om it te foarkommen.
  • 1997 – Untfiering fan in Baskyske “councilor”, Miguel Angel Blanco. De ETA drige om him te fermoardzjen as har easken net ynwillige waarden. Demonstraasjes foar syn frijlitting wêroan hûnderttûzenen minsken meidienen koenen net foarkomme dat hy fermoarde waard. De publike lilkens nei syn dea soarge foar grutte demonstraasjes, wêroan 6 miljoen minsken meidienen. It soarge foar in nije Baskyske beweging, “Foro Ermua”, tsjin de ETA en it Baskyske nasjonalisme.
  • 1998 - Manual Zamarreno, councilor fan de Partido Popular wurdt fermoarde mei in autobom.
  • 2000 - Moard op José Luis López de la Calle, in sjoernalist dy’t kritysk skreaun oer de ETA.
  • 2000 - Moard op Ernest Lluch, Katalaan, wie minister yn de regearing fan Felipe González.
  • 29 july 2006 - De Spaanske premier Zapatero kundige offisjeel ûnderhannelingen oan mei de ETA.
  • 30 desimber 2006 - Der is in eksplosy om 09.00 oere hinne op in parkearplak by Madrid. Twa deaden en 26 ferwûne minsken.
  • 7 maart 2008 – In eardere gemeenteriedslid Isaias Carrasco wurdt fermoarde krekt foar de parlemintsferkiezings.

Lettere jierren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ETA fierde yn letter jierren ûntfierings út en parse Baskyske ûndernimmers ôf om mei de opbringsten dêrfan de eigen aktiviteiten betelje te kinnen. De machtsbasis fan 'e beweging lei op it plattelân en yn beskate wiken fan de grutte stêden. De ETA koe op stipe rekkenje fan likernôch 20% fan de Baskyske befolking. De nije lichting ETA-leden waard rekrutearre út in soarte anargistyske subkultuer. It regear yn Madrid wie neffens de ETA noch altyd faksistysk. Moardoanslaggen op alle minsken dy’t it net iens wiene mei de stânpunten fan de ETA waarden mei jûchhei ûntfongen. Basken dy’t net foar ûnôfhinklikheid wiene, rûnen de kâns om fermoarde te wurden. De ETA-jongereinbeweging “Segi” soarge regelmjittich foar grutte fernielingen yn de Baskyske stêden.