Eugène Desmarest

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Eugène Desmarest
persoanlike bysûnderheden
echte namme Eugène Anselme Sébastien Léon Desmarest
nasjonaliteit Flag of France.svg Frânsk
berne 31 maart 1816
stoarn 22 desimber 1890
etnisiteit Flag of France.svg Frânsk
wurkpaad
berop/amt biolooch
aktyf as soölooch, publisist
jierren aktyf 18351890

Eugène Desmarest, ek wol Anselme Sébastien Desmarest (folút: Eugène Anselme Sébastien Léon Desmarest; 31 maart 181622 desimber 1890) wie in Frânsk biolooch en publisist.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Desmarest waard yn 1816 berne as de soan fan 'e foaroansteande biolooch Anselme Gaëtan Desmarest (1784-1838), en de pakesizzer fan 'e geolooch Nicolas Desmarest (1725-1815). Yn neifolging fan syn heit ûntjoech er him ta in biolooch fan namme, wêrby't er him benammen talei op 'e entomology, de herpetology en de ichtyology.

Hy stie oan it haad fan 'e ôfdieling Ferlykjende Anatomy en Antropology fan it Nasjonaal Natoerhistoarysk Museum yn Parys. Foar de natoerhistoaryske ensyklopedy dy't tusken 1851 en 1881 yn ferskate dielen útjûn waard troch Jean-Charles Chenu, skreau Desmarest it diel oer flueswjukten (Hymenoptera), lykas bijen, meepsen en eamels, dat datearret fan 1860, en it diel oer reptilen en fisken, út 1874.

Sûnt 1838 wie Desmarest lid fan it Entomologyske Genoatskip fan Frankryk, en fan 1840 oant 1889 wied er dêr siktaris fan. Desmarest kaam yn 1890, yn 'e âlderdom fan 74 jier te ferstjerren.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Weblinks en Einzelnachweise, op dizze side.