Estyske kroan

Ut Wikipedy
De Estyske kroan yn 1932.

De Estyske kroan (Estysk: Eesti kroon; teken: kr; koade: EEK) wie fan 1928 oant 1941 en fan 1991 oant 2011 de muntienheid fan Estlân. Sûnt dy tiid is de euro ek dêr it wettich betelmiddel.

Ien kroan wie 100 senti. It muntjild wie beskikber yn 5, 10, 20 en 50 senti en 1 en 5 kroanen. It papierjild wie beskikber yn 1, 2, 5, 10, 25, 50, 100 en 500 kroanen. It briefke fan 1 kroan wie seldsum, trochdat it mar ienkear, yn 1992, yn omrin brocht wie.

De kroan waard yn 1992, nei de ein fan de Sovjet Uny, op 'e nij ynfierd. De nije kroan wie keppele oan de Dútske mark en letter oan de euro. De muntienheid wie dan ek stabyl.

De Estyske oerheid stribbe dernei om de Estyske kroan fan 1 jannewaris 2010 ôf troch de euro te ferfangen. Dit is net helle troch de kredytkrisis. Op 12 maaie 2010 kundige de Jeropeeske Kommisje oan dat Estlân klear wie om ta te treden ta de eurosône. De nije datum wie 1 jannewaris 2011.

Papierjild[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

nominale wearde ôfbyld foarkânt efterkânt útjefte
1 Kroon Billete 1 corona estonia - 1992 - Anverso.png Billete 1 corona estonia - 1992 - Reverso.png Kristjan Raud (keunstskilder, grafikus) Toompea loss (kastiel op de Domberg) yn Tallinn 1992
2 Krooni EEK-2krooni-front.jpg EEK-2krooni-rear.jpg Karl Ernst von Baer (antropolooch, natuerûndersiker, geograaf) Universiteit fan Tartu 1992, 2006, 2007
5 Krooni EEK-5krooni-front.jpg EEK-5krooni-rear.jpg Paul Keres (skaker) Hermann's fort fan Narva (berteplak Keres), rivier Narva en De festing fan Ivangorod 1991, 1992, 1994
10 Krooni EEK-10krooni-front.jpg EEK-10krooni-rear.jpg Jakob Hurt (folklorist, teolooch, taalkundige) Eik Tamme Lauri yn it suden fan Estlân Urvaste 1991, 1992, 1994, 2006, 2007
25 Krooni EEK-25krooni-front.jpg EEK-25krooni-rear.jpg Anton Hansen Tammsaare (skriuwer) Vargamäe (út it wurk "Tõde ja õigus") fan Anton Hansen Tammsaare
50 Krooni EEK-50krooni-front.jpg EEK-50krooni-rear.jpg Rudolf Tobias (komponist) Estoania-Teäter (Nasjonale Opera en Konsertseal) 1994
100 Krooni EEK-100krooni-front.jpg EEK-100krooni-rear.jpg Lydia Koidula (dichter) Noard-Estlânske kliffen 1991, 1992, 1994, mei nije befeiligingskenmerken: 1999, 2007
500 Krooni EEK-500krooni-front.jpg EEK-500krooni-rear.jpg Carl Robert Jakobson (publisist, skriuwer, pedagooch) Boereswel (nasjonale fûgel fan Estlân) boppe it Estlânske plattelân. 1991, 1994, 1996, mei nije befeiligingskenmerken: 2000, 2007

Munten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

ôfbyld nominale wearde technyske parameters
Diameter gewicht râne gearstalling
EST-coins-overview (5s).jpg 5 senti 15.95 mm 1.29 g glêd koper 93%, aluminium 5%, nikkel 2%
EST-coins-overview (10).jpg 10 senti 17.20 mm 1.87 g
EST-coins-overview (20).jpg 20 senti 18.95 mm 2.27 g
20 senti 18.95 mm 2.00 g fernikkele stiel
EST-coins-overview (50).jpg 50 senti 19.50 mm 3 g koper 93%, aluminium 5%, nikkel 2%
EST-coins-overview (100).jpg 1 KR 23.25 mm 5 g ribbelich koper 89%, aluminium 5%, sink 5% Sn 1%
EST-coins-overview (5).jpg 5 KR 26.20 mm 7.1 g