Narva (rivier)

Ut Wikipedy
De Narva

De Narva of Narova (Estysk: Narva jõgi; Russysk: Нарва) is in grutte rivier (de grutste fan Estlân), dy't yn de Baltyske See útmûnet. It is de wetterôffier fan de Peipsimar en de rivier rint op de grins fan Estlân en Ruslân troch de stêden fan Narva/Ivangorod en Narva-Jõesuu yn de Narvabaai. Hoewol't de lingte fan de rivier mar 77 kilometer is, is er wat de wetterôffier yn de Finske Golf oanbelanget de twadde rivier yn grutte. De rivier hat syn namme jûn oan de Narvakultuer en de stêd Narva.