Springe nei ynhâld

Stjer (heraldyk)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Estoile)
In stjer, in roas en in skelp as stikken op 'e doarpsflagge (eins in wapenbanier) fan Wommels.

In stjer is yn 'e heraldyk in stik dat op in flak fan in wapen (of wapenbanier) pleatst wurde kin. Heraldyske stjerren hawwe yn prinsipe deselde foarm as mjitkundige stjerren, en binne krektlyk as mjitkundige stjerren ferneamd nei astronomyske stjerren. De foarm dy't heraldyske stjerren oannimme, mei útstykjende punten, is basearre op waarnimmings fan astronomyske stjerren mei it bleate each, wêrby't it ljocht fan 'e eins bolfoarmige stjer ferfoarme rekket troch in flikkering dy't feroarsake wurdt troch de passaazje troch de atmosfear fan 'e Ierde.

Yn 'e Midsiuwske heraldyk wiene stjerren frij seldsum, mar sûnt de Renêssânse komme se rûnom foar. Stjerren binne yn 'e heraldyk in tige kristlik symboal, dat stiet foar wat godliks dat fan boppenôf op 'e drager fan it wapen útstoart is, lykas in seine, in beskaat talint of wat oars yn dy geast. Heraldyske stjerren hawwe yn 'e regel seis of fiif punten, wêrby't alteast yn Noardwest-Jeropa (Nederlân, Dútslân en oangrinzgjende gebieten) de seispuntige stjer fan âlds fierwei it measte foarkomt. Yn it Feriene Keninkryk en Frankryk komt lykwols de fiifpuntige stjer mear foar. Soms sjocht men ek in stjer mei weagjende punten: de estoile. Stjerren mei in rûn 'gat' yn 'e midden dêr't men de kleur fan it efterlizzende fjild trochhinne sjocht, wurde trochboarre stjerren neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.