Simmersliep
In simmersliep of estivaasje (fan it Frânske estivation, fan it Latynske aestes, "simmer") is in steat fan djippe sliep dêr't guon bistesoarten yn weisakje as de temperatuer te heech oprint. Dizze steat is frijwol itselde as de bekendere wintersliep of hibernaasje, mei it ferskil dat in wintersliep yn 'e winter plakfynt en in simmersliep yn 'e simmer.
In simmersliep wurdt net inkeld karakterisearre troch ynaktiviteit, mar ek troch fysiologyske feroarings yn it oangeande organisme. Foarbylden dêrfan binne in ferlege metabolisme, in stadiger klopjen fan it hert en in lichter sykheljen. It is dêrmei in steat dy't djipper is as gewoane sliep, mar ek wer net sa djip dat wekker wurden lang duorje moat. It doel fan in simmersliep is om skea troch hege temperatueren en drûchte te ûntrinnen en útdrûging te mijen. Ut ûndersyk fan fossilen hat bliken dien dat it ferskynsel simmersliep him nei alle gedachten ferskate hûnderten miljoenen jierren lyn foar it earst ûntjûn hat.
It hâlden fan in simmersliep komt foar by sawol bisten dy't op lân libbje as by guon wetterdieren. Foarbylden binne:
- slakken lykas de sânslak (Theba pisana), wyngerdslak (Helix pomatia) en de bolle dúnslak (Cernuella virgata);
- ynsekten lykas langpoaten en de ûnechte hunicheamel (Prenolepis imparis);
- kreefteftigen lykas de tropyske swietwetterkrab (Austrothelphusa transversa);
- fisken lykas de Westafrikaanske longfisk (Protopterus annectens) en it salamanderfiskje (Lepidogalaxias salamandroides);
- amfibyen lykas de reuzepod (Rhinella marina) en de grutte sirene (Siren lacertina);
- reptilen lykas de woastynskylpod (Gopherus agassizii) en in protte soarten krokkedillen;
- sûchdieren lykas it rotsiikhoarntsje (Otospermophilus variegatus) en it Kalifornysk grûniikhoarntsje (Otospermophilus beecheyi) yn Noard-Amearika, de dwerchsoeslik (Spermophilus pygmaeus) yn Jeraazje en de fetsturtkatmaky (Cheirogaleus medius) yn Madagaskar.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |