Esther Liano
Esther Liano (Ljouwert, 1970) is in mearfâldige dressuerkampioen en Grand Prix-amasône.
Begjinjierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As dochter fan in Ljouwerter mem en in Katalaanske heit begûn se op har tolfte mei ponyriden yn in Ljouwerter maneezje en letter op hynders.[1] By Joop en Jannie-Kee Veenstra yn Swichum krige hja de kâns om op in Fryske merje te riden.[2] Har earste súksessen kamen mei de rún Ielke dêr ‘t se it heechste dressuernivo mei berikte. Se folge in oplieding yn de moade mar keas letter definityf foar de hynders. Se hierde earst stâlen yn Wurdum en Jorwert en ferhuze letter fan Wurdum nei De Harkema.
Sûnt 2007 hat se in eigen trainingssintrum yn De Harkema. Har spesjaliteit is it Frysk hynder. Mei ferskate hynders helle se in soad kampioenskipstitels yn dressuer. [3]
Esther is ek sertifisearre ORUN-ynstruktrise en KNHS-sjuerylid oant en mei de klasse ZZ Light. Se hat ferskate hynders traind oant Grand Prix-nivo. Mei de rún Ebele fan Groenestein, de hynst Stal Liano's Doede en de KFPS-dekhynst Ielke 382 helle hja de Grand Prix, de heechste priis yn dressuer. Liano jout clinics en stelt in Young Talent Award beskikber foar wedstriden om de bêste dressuerkombinaasje ûnder de 25 jier.[4] sunt 2019 sit se yn de fokkerijrie fan Fryske hynders.
Stal Liano’s Doede
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fryske hynders hawwe in eigen oanpak nedich yn de dressuer. Stal Liano's Doede die trije jier net mei oan wedstriden. Esther Liano die mei de hynst yn de Light Tour, wûn mei him de Sulveren Swipe en waard yn 2017 kampioen Fryske hynders yn Koatwyk yn de Z2. Ek yn de Light Tour hellen se oerwinningspunten, mar doe waard it ynienen stil om Doede fan Groot Malckenhorst, sa't syn stamboeknamme wie. Doede blykte mear tiid nedich te hawwen om yn de dressuer foarút te kommen. Hy moast mear gerêststeld wurde om de drege oefeningen oan te kinnen. In spesjalist wist de kommunikaasje tusken hynder en ruter te ferbetterjen sadat it goede gefoel werom kaam.[5]
Faderpaard
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ta gelegenheid fan it 135-jierrich bestean fan it Keninklik Frysk Hynstestamboek waard yn jannewaris 2014 in muzykteaterstik Faderpaard opfierd mei it Fryske hynder yn de haadrol. De basis wie it gedicht It Faderpaard fan Tsjêbbe Hettinga. Esther Liano en har hynder fersoargen dêrby in nûmer nûmer mei in grutte sjippebelle.[6] Dy poëtyske foarstelling befette ek in oerfal fan in postkoets en de earste rodeo mei Friezen.[7]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|