Eskimo's
Eskimo's is de te uzes gongbere oantsjutting foar de lânseigen befolking fan Grienlân, it noarden fan Kanada, grutte parten fan it Amerikaanske Alaska, en de uterste eastpunt fan it Russyske Sibearje. Harren krekte namme is eins Inuit (sprek út: "I-nû-yt"), wat "minsken" betsjut (it inkeltal is Inuk - útspr.: "Inûk").
Der waard lang oannommen dat "Eskimo" (aškipow) in skelwurd is, ôfkomstich út 'e talen fan 'e Yndiaanske (Algonkwynske) folken fan eastlik Kanada, en "raufleisfretter" betsjutte soe. Der is ek de hypotese dat it komt fan aškimeew, dat safolle betsjut as "ien dy't in oare taal sprekt"[1]. In mear en mear oannommen téory is dat it safolle betsjut as "pelsjager op snieskuon" of "skieskoechmakker".
Komôf
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Eskimo's wurden net ta de Yndianen rekkene. It is al in Mongoloïde ras, mar is net nau besibbe oan oare stammen yn Amearika. Yn de Lânbrêgeteory is mar plak foar twa weagen fan migraasje, beide fan Yndianen. Archeologyske fynsten tsjutte dúdlik op sibskip fan de âlde ynwenners fan East-Sibearje en Kamsjatka mei de Eskimo's, mar der binne gjin like-dúdlike fynsten yn Amearika dy't oan toane hoenear in part fan harren nei Amearika kaam wie. Ferskillende teoryen jouwe hjirfoar tiden fan 15.000 oant 2.000 f.Kr.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ferskate subgroepen hawwe elts in oare namme foar harsels. De Grienlânske Eskimo's hjitte Kalaallit, de eastlike Kanadeeske Eskimo's Inuit, de westlike Kanadeeske Eskimo's Inuvialuit, de Eskimo's fan noardlik Alaska Inupiaq, de Eskimo's fan westlik en súdwestlik Alaska en Sibearje Yup'ik en de Eskimo's fan 'e Alaskaanske súdkust Alutiiq.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Seehûnejacht
-
Ynterieur fan in iglo
-
Tekening fan in iglo, 1916
-
Eskimo mei hûneslide
-
Eskimo's in kajaks, om 1929
-
De flagge fan 'e Inûyt
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|