Edward Sheriff Curtis

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Edward S. Curtis - selsportret
In the Land of the Head Hunters (1914)

Edward Sheriff Curtis (Cold Spring, ûnder Whitewater (Wiskonsin), 16 febrewaris 1868 - Whittier, Kalifornje, 19 oktober 1952) wie in Amerikaansk fotograaf, dy't benammentlik ferneamd waard fan syn fotostúdzjes fan it libben fan de Noard-Amerikaanske Yndianen, dêr't er him goed tritich jier fan syn libben mei dwaande hold.

Biografie[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheit[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Curtis wie in soan fan in dûmny, dy't yn de Amerikaanske Boargeroarloch noch as pastoraal wurker tsjinne hie. Hy hie trije susters. Mei 17 jier gie Curtis yn de lear by in fotograaf yn Minnesota en yn 1887 kocht er him yn by de fotostudio fan Rasmus Rothi yn Seattle. Yn 1892 troude er mei Clara J. Phillips (1874-1932), mei wa't er fjouwer bern krige.

Yndianefoto’s[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1895 sette Curtis útein mei it fotografearjen fan yndianen en krige er kunde oan de antropolooch George Bird Grinnell. Sy giene tegearre yn 1899 op ekspedysje nei Alaska en in jier letter op fotoekspedysje nei de Blackfootyndianen yn Kanada. Fan doe ôf oan krige syn namme hieltyd mear klank as yndianefotograaf en wûn er ferskate prizen. Yn 1906 bea de bankier John Pierpont Morgan Curtis 75.000 dollar oan foar it meitsjen fan in fotorige oer de Noard-Amerikaanske yndianen, letter folge troch noch in protte opdrachten (dy't nei Morgans dea yn 1913 finânsearre waarden troch dy syn soan). Uteinlik ûnstiene sa yn de perioade oant 1930 in tweintich fotoboeken mei totaal sa'n 1500 foto’s. Totaal makke Curtis yn dy perioade sa'n 40.000 foto’s.

Kritisy foene syn wurk wol romantisearre, mar Curtis as yndianefotograaf woe antropologysk-wittenskiplike ôfleverje en besocht bewust om de ferdwinende kultuer en trdysjes fan sa'n tachtich yndianenstammen sekuer fêst te lizzen. Hy makke net allinne foto’s, mar ek spraak- en muzykopnames, plus tal fan biografyske oantekenings fan yndividuele stamleden. Syn film út 1914, In the Land of the Head Hunters, mislearre kommersjeel besjoen; lange tiid like it der op dat de film ferlern gien wie, mar yn 1947 waard in kopy ûntdutsen, dy't yn de jierren santich restaurearre waard. Yn 1999 waard de film opnaam yn de National Film Registry, meidat dy beskôge waard as ien fan de wichtichste films út de Amerikaanske filmskiednis.

Yn de santigerjierren waarden ek ferskate drukplaten en negativen fan Curtis’ foto’s op'en nij ûntdutsen en restaurearre, wat late ta in hiele rige nije fotboeken dy't wrâldwiid ferskyne soene.

Letter libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Curtis wie ferneamd, mar yn syn persoanlik libben siet it him tsjin. Yn 1916 fersocht syn frou om in skieding en naam dêrnei syn fotostudio oer. Doe't er yn 1922 nei in ekspedysje fan benei sân jier weromkaam waard er arrestearre meidat er al dy tiid gjin alimintaasje betelle hie. Nei 1930 waard er earmelyts mei om't de rjochten oer syn foto’s en boeken by de famylje Morgan leine. Hy hie noch ferskate baantsjes om troch de tiid te kommen, as boerefeint en sels as goudsiker. Hy stoar yn 1952 oan in hertynfarkt.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utenss[bewurkje seksje | boarne bewurkje]