Springe nei ynhâld

Earesburch

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Eresburch)
Earesberch en Marsberch om 1670 hinne
skets út 1646 fan de besjitting fan de boarch

De Earesburch (Dútsk: Eresburg), dêr't hjoed-de-dei it doarp Obermarsberg leit, yn de gemeente Marsberg yn de Hochsauerlandkreis yn Noardryn-Westfalen, is de grutste en ferneamdste Saksyske flechtboarch. De hichteboarch, 390 meter boppe seenivo, lei op in tafelberch, de Earesberch, tusken 130 en 150 meter boppe de rivier de Diemel, dy't in sydrivier fan de rivier de Weser is, yn it uterste suden fan de eardere Saksyske goa Engern oan de grins mei it stamhartochdom Franken.

Der is bewiis dat de berch yn de prehistoarje al bewenne wie. Keramykresten fan de Michelsberger kultuer binne dêr fûn. Opgravings yn de buert fan de Stifttsjerke hawwe spoaren fan greppels, wâlen en posten oantoand. De radiokoalstofdatearring tsjutte de oarsprong yn de foar-Romeinske Izertiid oan. Derrnjonken stammet it hout dat brûkt waard foar de houten posten út tusken 420 en 370 f.Kr..
Earder ûndersyk hat oantoand dat de berch in grinsboarch wie fan de Sjerusken en in fêsting fan haadling Segestes, dy't syn dochter Thusnelda nei't it skynt finzennaam hie. Der binne lykwols gjin bewizen dêrfoar.
Om de berch waard, troch syn geunstige lizzing op de grins, faak hurd fochten oant it yn 772 yn de Saksekriich troch de Frankyske kening Karel de Grutte ynnaam waard. De Irminsul, in heidensk hillich plak dy't op de berch of yn de omkriten stie, waard troch Karel de Grutte ferneatige. Yn 779 waard Sturmius, de abt fan Fulda, troch Karel as sindeling nei it gebiet stjoerd en wiisde him dat plak ta. Al yn 784/785 oerwintere Karel de Grutte yn Earesburch en liet der in tsjerke bouwe, nei alle gedachten op it plak dêr't earder in Saksyske tempel stien hat. Paus Leo III moat yn 799 op paad nei Paderborn ek yn Earesburch west hawwe. Yn 915 wie der in bloedige strideraasje tusken de Saksyske hartoch Hindrik de Fûgelder en de Eastfrankyske kening Koenraad I. Ek Teodoarik I, biskop fan Paderborn hat nei alle gedachten meidien yn de striid. Ek yn 915 fersloegen ynfallende Hongaren in Dútsk leger by Earesburch.

Earesburch as mooglik plak fan de Irminsul

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Earesburch koe in mooglik plak west hawwe dêr't de Irminsul, in soarte pylder of beam dat ien fan de heidenske hillichdommen fan de Saksen wie, stie. Yn de Keninklike Frankyske Annalen út 772 stie dat de Irminsul yn Earesburch sels of yn de omkriten dêrfan stie. De Annales Petaviani neamde: Hy ferôvere de Earesburch en fûn it plak dat Ermensul neamd is en hy stuts dy plakken yn 'e brân. Ynearsten naam Karel de Grutte Earesburch yn en dêrnei: pervenit ad locum, qui dicitur Ermensul, "hy fûn it plak dat Irminsul neamd wie". De skriuwer neamt it plak fan Earesburch Erisburgo en net Ermensula. It tredde part fan de sin neamt: et succendit ea loca, "hy stuts dy plakken (meartal) yn de brân". Mooglik wie dat Karel de Grutte fan Earesburch nei Irminsul ferfear. Neffens oare boarnen hold Karel de Grutte him ta by de Bullerborn, in peridike natuerlike boarne by Altenbeken, foar't er de Irminsul ferôvere en ferneatige hie yn de neikommende dagen.

De fraach wêr't it plak fan de Irminsul wie is lykwols misliedend, om't der faaks ferskate dêrfan west hawwe.

  • Gerhard Mildenberger, Fred Schwind, Jürgen Udolph: Eresburg. Reallexikon der Germanischen Altertumskunde (RGA). twadde útjefte, Haadstik 7, Walter de Gruyter, Berlyn/New York 1989, siden 475–482.
  • Daniel Bérenger: Die eisenzeitliche Höhenbefestigung von Obermarsberg. Yn: Archäologie in Ostwestfalen 6. Verlag für Regionalgeschichte, Bielefeld 2002, siden 29–33, (webside (pdf, 552 kB)).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Daniel Bérenger: Die eisenzeitliche Höhenbefestigung von Obermarsberg digitalisearre (pdf; 552 kB)
  • Johann Suibert Seibertz: Landes- und Rechtsgeschichte des Herzogtums Westfalen. Earste útjefte, Arnsberg, 1860, side 15
  • Baják László: A fejedelmek kora. A korai magyar történet időrendi vázlata. II. rész. 900-1000 ("It Tiidrek fan de Prinsen. De gronologyske skets fan de iere Hongaarske skiednis. II. part. 900-1000"); ÓMT, Budapest, 2000 side 14
  • W. E. Giefers: Eresburg, Irminsäule, Bullerborn. 1878, side 143f.
  • De "u" waard hjoed "o", Bollerborn