Eppostien
De Eppostien is in lid fan in sarkofaach foar de jong ferstoarne Eppo Tjaerda út 1341. De stien, fan 325 kilogram en 2,17 meter lang, is in foarbyld fan iere Fryske en Nederlânske byldhoukeunst. Oarspronklik komt it grêflid út de Alexandertsjerke fan Rinsumageast. De stien wurdt sûnt 1881 bewarre yn it Frysk Museum.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It lid is makke fan readbûnt sânstien. De ôfmjittingen binne 217 × 85 × 11 sintimeter en er weaget 500 kilo. Nei alle gedachten is de tige fyn beitele stien op it plak sels makke troch Fryske byldhouwers, [1] dat kin opmakke wurde út it feit dat de ôfbylde jongkeardel in typyske Fryske pols yn syn rjochterhân hat. Oan de gurdle fan Eppo hinget in mes, miskien in waakstaffeltsje (in soarte fan notysje-boekje) en in beurs (jildponge).
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ôfbeelde jongfeint is Eppo, de soan fan Thitard (moderner: Tjaard/Tjeerd/Tseard en Hacka. Ut it grêfskrift op de stien is op te meitsjen dat Eppo in broer Hessel en in broer Sidach (moderner: Syds / Sytse) neamd Sicco hie, dy 't syn twillingbroer wie.[1] De âlden Thitard en Hacka wiene al ferstoarn by it ferstjerren op 28 oktober 1341 fan Eppo. Thitard en Hacka wiene nei alle gedachten de stamâlden fan de Juwsma's, Tjaerda's en de Tjaerda's fan Starkenborgh fan Rinsumageast. [2][3] In mooglike foarfaar fan Thitard (* ? foar 1341) is Thitardi, dy't libbe yn 1224, neamd yn de Kronyk fan Wittewierum ( "castellum Thitardi"), yn de omkriten fan Dokkum, dêr't fan ferwachte wurdt dat dit de oarspronklike basis is fan de Tjaerda stins te Rinsumageast.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|