Epo Sjuck fan Burmania
Appearance
Epo Sjuck fan Burmania (Koarnjum, 31 oktober 1698 - Ljouwert, 1 febrewaris 1775) wie in Fryske regint.
Hy studearre rjochten oan de Universiteit fan Frjentsjer, wie ûntfanger-generaal en boargemaster fan Dokkum (1738-1768) en lid fan Deputearre Steaten. Fan Burmania wie in oanhinger fan prins Willem IV, krektas syn freon Wybrand fan Itsma. Dy (en net Burmania) skreaun it oranjistyske Schuite- en Jagtpraatjes. Brieven fan Fan Burmania oan de Oranjes wurde bewarre yn it Keninklik Hûsargyf.
Epo Sjuck wie neist magistraat mei in soad ynfloed ek keunstleafhawwer.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|