Springe nei ynhâld

Epifanytsjerke (Tobolsk)

Ut Wikipedy
Epifanytsjerke

Крещенская церковь

De tsjerke yn 1912.
De tsjerke yn 1912.
Lokaasje
lân Ruslân
oblast Tjûmen
plak Tobolsk
koördinaten 68° 14' N 68° 14' E
Arsjitektuer
boujier 1691
sloopjier 1949
boustyl Sibearyske barok
Kaart
Epifanytsjerke (Ruslân)
Epifanytsjerke

De Epifanytsjerke of Trije Keningentsjerke (Russysk: Богоявленский храм; Vogojavlenski chram) wie in otterdokse tsjerke yn 'e Russyske stêd Tobolsk, dy't nei de Twadde Wrâldkriich ferneatige waard.

Oannommen wurdt dat de Epifanytsjerke de earste tsjerke bûten it kremlyn fan Tobolsk west hat. De bou fan 'e earste houten Epifanytsjerke yn Tobolsk is net bekend, mar yn 1624 wie der al in oan 'e Epifany wijde tsjerke. By de brân yn 'e benedenstêd fan Tobolsk yn 1662 baarnde dy houten Epifanytsjerke ôf. Ek de houten opfolgers fan dy Epifanytsjerke út 1680 en 1686 waarden in proai fan it fjoer.

Yn 1685 foel it beslút in stiennen tsjerke te bouwen, wêrmei't yn 1691 útein set waard. De brân fan 1701 ferwoastge it ynterieur fan 'e tsjerke, mar de bûtenmuorren bleaune stean. Tusken 1738 en 1744 waard de tsjerke op 'e nij boud en waard ek in nije klokketoer tafoege. Om de tsjerke hinne waard in bysûnder moaie barokke stiennen muorre oanlein. De grutte stedsbrân fan 1788 brocht wat skea oan 'e tsjerke, mar yn itselde jier waarden de alters al wer op 'e nij konsekrearre.

De Epifanytsjerke waard yn 1930 troch de bolsjewiken sletten en ûntwijd. Yn 1949 waard de tsjerke opblaasd en mei de grûn lyk makke.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [:ru:Богоявленская церковь (Тобольск)]