Enola Gay

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Enola Gay
Enola Gay, no yn't museum

Enola Gay is de namme fan de Amerikaanske B-29 Superfortress-bommesmiter dy't yn de Twadde Wrâldoarloch op 6 augustus 1945 de earste atoombom, Little Boy neamd, op Hiroshima smiet. Sadwaande rekken 78.000 minsken fuortendaliks dea. Troch de nei-effekten fan de ionisearjende strieling kaam it deadetal úteinlik út op sa'n 140.000 ein 1945.

It fleantúch, in B-29-45-MO mei registraasjenûmer 44-86292, waard keazen troch Paul Tibbets by it Martin Omaha-fabryk yn Omaha, Nebraska en wie spesjaal foar de flecht oanpast. Bewapening en pânser waarden foar in grut part fuorthelle om it tastel lichter te meitsjen, sadat it tastel op gruttere hichte fleane koe, bûten het berik fan it loftôfwargeskut.

De piloat, Paul Tibbets, neamde it fleantúch nei syn mem: Enola Gay.

De bemanning
  • Kolonel Paul Tibbets, kommandant fan de 509th Group en piloat
  • Kaptein Robert Lewis, ko-piloat
  • Luitenant Jacob Beser, radarofsier
  • William "Deak" Parsons, wittenskipper fan it Manhattanprojekt
  • Joseph Stiborik, radaroperateur
  • George Caron, sturtskutter
  • Richard Nelson, radio-operateur
    De Enola Gay mei bemanning
  • Robert Shumard, helpyngenieur
  • Wyatt Duzenbury, flechtyngenieur
  • John Porter, grûnûnderhâldsoffisier
  • Theodore "Dutch" Van Kirk, navigator
  • Thomas Ferebee, bommerjochter

Under de flecht waard de Enola Gay beselskippe troch The Great Artiste, in fleantúch mei opname-apparatuer en fan The Necessary Evil mei fotografen oan board. In oare B-29 Superfortress fleach in heal oere foarút om te sjen oft it wol gaadlik waar wie om te bombardearjen.

De twadde Amerikaanske atoombom waard troch de Bockscar op Nagasaki smiten op 9 augustus 1945.

Nei 1945[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Enola Gay waard yn 1946 út tsjinst helle en yn 1960 opslein. Ien fan de propellers waard brûkt foaar in wyntunnel yn in laboratoarium. Yn 1984 waard út ein set mei in grutte restauraasje, dy't pas yn 2003 dien wie. By in tentoanstelling fan de wichtichste ûnderdielen fan it fleantúch yn it National Air and Space Museum yn Washington D.C. waard de Enola Gay mei ferve en bloed besmodzge, wêrnei't de tentoansttelling ôfbrutsen waard. De Enola Gay is hjoed de dei te sjen yn it kollosale Steven F. Udvar-Hazy Center, in dependânse fan it National Air and Space Museum op de Washington Dulles International Airport.

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1980 brocht de Britske syntesizerpopband Orchestral Manoeuvres in the Dark in nûmer út mei de titel, 'Enola Gay', dat oer it fleantúch giet.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]