Springe nei ynhâld

Boeing B-29 Superfortress

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan B-29 Superfortress)
Boeing B-29 Superfortress


Rol Strategyske bommesmiter
Makker Boeing
Earste flecht 21 septimber 1942
Yn tsjinst/út tsjinst 8 maaie 1944/21 juny 1960
Farianten Boeing KB-29 Superfortress, XB-39 Superfortress, Boeing XB-44 Superfortress, Boeing B-50 Superfortress
Tal makke 3.970 fan 1943–1946
Brûkers USAF, USAAF, RAF

De Boeing B-29 Superfortress wie in swiere Amerikaanske bommesmiter mei fjouwer propellermotors. De B-29 waard (as Boeing Model 345) neffens de easken fan de Amerikaanske loftmacht ûntwurpen. Dy hie ferlet fan in langeôfstânsbommesmiter dy't op grutte hichte operearje kinne moast. De earste flecht wie op 21 septimber 1942 (XB-29). It type waard bekend troch 6 augustus 1945 in atoombom Hiroshima te smiten; dat tastel hiet Enola Gay. De atoombom op Nagasaky waard troch de B-29 "Bockscar" smiten.

Koarte skiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De B-29 waard (as Boeing Model 345) ûntwurpen neffens de easken fan de Amerikaanske loftmacht, dy't ferlet hie fan in langeôfstânsbommesmiter dy't op grutte hichte operearje kinne moast. De earste flecht wie op 21 septimber 1942 (XB-29).

De B-29 wie de earste swiere bommesmiter fan de Amerikanen mei drukkabines, sadwaande koe de bemanning noflik har wurk dwaan op grutte hichte. De geskutskoepels koene allegearre op ôfstân betsjinne wurde, dat wie ek nij.

De B-29 is allinnich brûkt by de fronten yn de Stille Oseaan. Hie de oarloch langer duorre wiene se nei alle wierskyn ek yn Jeropa op it toaniel ferskynd. It tastel waard fan novimber 1944 ôf yn grutte oantallen ynset by bombardeminten op Japanske stêden, en smieten dus ek de atoombommen op Hiroshima en Nagasaki. De B-29 wie ek yn de Koreaanske Oarloch operasjoneel.

Likernôch 80 tastellen hawwe yn de peroade 1950-1953 ûnder de namme Washington B.1 foar de Britske Royal Air Force (RAF) flein,; sy waarden ferfongen troch de Canberra mei stielmotoren. Ek by de Royal Australian Air Force haww twa eardere RAF Washington B.1 tsjinne. Yn Rusland hat Tupolev de B-29 neiboud mei de type-oantsjutting Tu-4 Bull, dy't ek tsjinne hawwe yn Sina.

Der binne sa'n 3970 eksimplaren fan de B-29 boud; 2756 troch Boeing, 668 troch Bell Aircraft Corporation en 536 troch Glenn Martin. Fan 1960 ôf oan waarden se ferfongen troch de Convair B-36 en de Boeing B-52.

De B-29 wie de foarrinner fan in rige troch Boeing makke bommesmiters, transportfleantugen, tankers, ferkenningsfleantugen en trainers. In transportfleanmasine dy't ôflaat waard fan de B-29 wie de C-97 (earste flecht yn 1944), folge troch de kommersjele fariant Boeing Model 377 Stratocruiser yn 1947. De tankerfariant fan de B-29 kaam yn 1948 as KB-29 en de fan it Model 377 ôflate KC-97 ferskynde yn 1950.

Technyske feiten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Enola Gay
B-29 boppe Koreä
Feiten
Lingte: 30,18 m
Spanwiidte: 43,05 m
Hichte: 9,02 m
Oandriuwing: Wright R-3350-23-Cyclone-dûbelstjermotoren fan 2.230 HK (1.640 kW)
Topfaasje: 576 km/o op 9.150 m hichte
Normaal fleanberik: 5.200 km
Bemanning: 10 oant 14 man
Tsjinstplafond: 10.250 m
Leechgewicht 33.800 kg
Maks. startgewicht: 62.560 kg
Bewapening: tolve 12,7-mm-masinegewearen op ôfstân te betsjinjen, ien 20-mm-masinekanon yn de sturt, 9.072 kg bommen

De B-29 yn museums

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]