Englumboarch

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
De boarch op de kaart fan Theodorus Beckeringh (1781)

De Englumboarch wie in eardere boarch dy't in eintsje benoarden Oldehove stien hat. De namme fan de boarch klinkt noch troch yn it streekje Englum dat even benoarden de destiidske boarch leit. Englumboarch is benammen bekend as wenning fan de aventoersman Johan Willem Ripperda, dy't de boarch koarte tiid bewenne hat yn it begjin fan de achttjinde iuw.

De boarch is fermoedlik fuortkomd út ien fan de trije hearden wêrop it gritenijrjocht lei ûnder jurisdiksje fan de kluft Oldehove-Saaksum; Bennemaheard, Ulsemaheard en Wilsmaheard, wêrfan Ulsemaheard as fermoedlike foargonger fan de Englumboarch neamd wurdt.

De boarch wurdt foar it earst as sadanich neamd yn 1656. As bewenner wurdt dan neamd in lid fan de famylje Fan Ewsum. De boarch sil nei alle gedachten ûntstien wêze út ien fan de trije edele hearden yn de 'kluft' Englum. Oan de ein fan de 17e iuw wurdt de Englumboarch kocht troch Jan Clant fan Aduard, dy't syn ynfloed yn it Humsterlân besiket út te wreidzjen. Clant ferkeapet de boarch, grif sûnder de rjochten yn 1705 oan Ripperda.

Fan de boarch is noch mar in restant fan de grêft efter in pleats oer, grif it eardere skathûs. It is ûndúdlik wannear't de boarch sloopt is; de lêste bewenners dy't neamd wurde binne de jonker Jacob Willem fan Rossum en syn frou Jacomina Werndley dy't de boarch tusken 1760 en 1772 bewennen. Fan Rossum ferstoar yn 1772 en sette syn frou de boarch yn 1773 en 1774 te keap, mei yn it twadde jier de fermelding dat de boarch 'gesleten' (sloopt) wurde moast. In jier letter waard it materiaal fan de sloop te keap oanbean. Yn 1774 ferkocht Jacomina Werndley de rjochten fan de boarch oan har soan Jan Willem Hendrik fan Rossum, dy't dizze yn 1777 wer ferkocht en nei East-Ynje ferhuze.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Fuotnoat:

  1. Englumborg te Oldehove (uit: Formsma W.J., Luitjens-Dijkveld Stol R.A., Pat A., (1987) De Ommelander borgen en steenhuizen, ISBN 90-232-2314-4 )