Theodorus Beckeringh

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Portret van Theodorus Beckeringh (1735) fan Jan Abel Wassenbergh.
De Boargenkaart of Beckeringhkaart út 1781

Theodorus Beckeringh (doopt Grins, 21 augustus 1712 - Grins, 30 augustus 1790) wie in Nederlânske jurist en kartograaf.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Beckeringh waard berne oan it Martinitsjerkhôf yn Grins en doopt yn de Martinytsjerke. Hy wie in soan fan Lambertus Beckeringh en Catharina Sipkens. Beckeringh waard sekretaris fan de rekkenkeamer fan de Steaten-Generaal (1721). Hy studearre rjochten oan de Grinzer Universiteit en promovearre yn 1738. Dêrnei waard er abbekaat foar de Hege Justysje-keamer. Dêrnjonken wie hy assessor fan it Generaliteits Kriichsgerjocht (1739-1790), redger yn De Ommelannen en grytman yn it Westerkertier. Hy boaske yn 1741 oan Geertruida van Hulten (1717-1799).[1]

Boargenkaart[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mr. Beckeringh is fral bekend wurden as amateur-kartograaf. Hy tsjinne yn 1777 by de Grinzer Steaten in fersyk om subsydzje yn om in troch himsels makke lânkaart fan de Grinzer Stêd en Ommelannen út te jaan. Hy woe dêrfoar in oktroai foar 25 jier hawwe. Beckeringh krige 5000 karolusgûne takend en in oktroai fan 15 jier.[2] Beckeringh syn Kaart of Land Tafereel der Provincie van Groningen en Ommelanden waard foar it earst útjûn yn 1781.[3] Yn de marzje fan de kaart waarde de Grinslanner boargen ôfbylde, dêrom wurdt de kaart ek wol ‘boargekaart’ neaamd. Hy droech de kaart op oan erfsteedhâder Willem V fan Oranje-Nassau, waans wapen twaris op de kaart ôfbyld is.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Genealogy famylje Beckeringh
  2. De Beckeringh-kaart
  3. Kaart of landtafereel der provincie van Groningen en Ommelanden verdeelt in deszelfs byzondere quartieren, districten en voornaamste iurisdictien : beneffens de Heerlykheid Westerwolde